Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

De haat-leafde ferhâlding mei it wetter

Foaral op de klaai yn it noarden fan de provinsje binne der in soad terpen te sjen. Yn totaal binne der yn it Fryske gebiet by de Noardseekust lâns sa’n tûzen lytsen en grutten te finen. De earsten waarden oanlein om 600 foar Kristus hinne en se ha oant likernôch it jier 1000 fertuten dien. Dêrnei waarden seediken oanlein en hienen de terpen gjin feitlike funksje mear.

De 3e ôflevering fan NODOE út Museum Martena yn Frjentsjer. Yn dizze ôflevering nimt de famylje Pool it op tsjin de famylje Van der Veen. Welke team bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale?

De Martenastins  waard yn 1506 bout yn opdracht dan edelman Hessel van Martena. Sûnt 2006 hat Museum Martena plaknaam yn it gebou. Ien fan de wichtichste ûnderwerpen dy't beljochte wurdt yn it museum is fansels de universiteit fan Frjentsjer.

De 2e ôflevering fan NODOE fanút Museum Dokkum. Yn dizze ôflevering nimt de famylje IJpma it op tsjin de famylje Haveman. Welke tiim bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale?

Midden yn it histoaryske sintrum leit Museum Dokkum. It museum is ûnderbrocht yn in tal histoaryske gebouwen, ien dêrfan is it santjinde-ieuske gebou fan de Admiraliteit fan Fryslân en Grinslân. Yn it museum is in grutte útstalling oer Bonifatius (± 672-754) te sjen.

No sneon, in nije ôflevering fan NODOE fanút Museum Dokkum. Yn dizze ôflevering nimt de famylje IJpma it op tsjin de famylje Haveman. Welke tiim bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale? Sjoch it no sneon om 17.00 oere op Omrop Fryslân (en dêrnei om alle oeren, nei Hjoed)!

Ook op deze website

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

In klip by De Ko

Der is no ek in klip by it nûmer fan De Ko. Swing en sjong mei mei Janneke Brakels en Anna Marije Bloem!

 

 Besjoch him hjir!

NIJ: cd Fryske Kanon

Op de cd 'Ferskes oer de Fryske skiednis' 10 ferskes en 5 karaoke-nûmers oer de Kanon fan de Fryske skiednis. Mei rock, rap en balads nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien mei troch it ferline fan Fryslân.

Bestel hjir de nije cd.