Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

De haat-leafde ferhâlding mei it wetter

Foaral op de klaai yn it noarden fan de provinsje binne der in soad terpen te sjen. Yn totaal binne der yn it Fryske gebiet by de Noardseekust lâns sa’n tûzen lytsen en grutten te finen. De earsten waarden oanlein om 600 foar Kristus hinne en se ha oant likernôch it jier 1000 fertuten dien. Dêrnei waarden seediken oanlein en hienen de terpen gjin feitlike funksje mear.

Leare kin op ferskillende wizen barre. Sa gongen der yn it ferline 13.706 studinten nei de universiteit fan Frjentsjer. Tsjintwurdich wurdt der ek in soad opstutsen fan televyzjeprogramma’s lykas NODOE. Ast dêrnei mei dyn klasse oan de slach giest mei de temakaternen Alve-en-tritich, komt it grif klear!

Op school werken de leerlingen aan een lesbrief over de universiteit van Franeker en Willem Loré; een jongetje met een wiskundeknobbel die later professor werd. In het museum volgt een mini-college wiskunde. En het project kan worden afgesloten met een stadswandeling door Franeker.

Kening Redbad woe him net dope litte en de sindeling Bonifatius waard fermoarde, mar dochs waarden de Friezen krekt yn dyselde tiid, de achtste ieu, in kristlik folk. Letter krige Fryslân sels in rol yn it fierder fersprieden fan it Kristendom. Sjoch nei ôflevering 2 fan NODOE foar mear oer Bonifatius.

Moarn: de twadde ôflevering fan NODOE; it spulprogramma oer de Fryske skiednis, útdaagjend, ferrassend en poergeskikt foar de skiednisles yn jo klasse. Oan de hân fan dizze spesjale nijsbrief wurde jo de kommende 10 wiken op de hichte hâlden fan de útstjoerings en de opdrachtenkaart foar de ferwurking. Dêrneist krije jo noch in suggestje foar in museumbesite.

De twadde ôflevering fan NODOE giet oer Bonifatius. Hy komt as missybiskop út Ingelân en krige de opdracht fan de paus om de Friezen en de Saksen te bekearen ta it Kristendom. Dat it him net tafoel, blykt ûnder oaren út it feit dat hy yn de omkriten fan Dokkum fermoarde is.

Ook op deze website

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

In klip by De Ko

Der is no ek in klip by it nûmer fan De Ko. Swing en sjong mei mei Janneke Brakels en Anna Marije Bloem!

 

 Besjoch him hjir!

NIJ: cd Fryske Kanon

Op de cd 'Ferskes oer de Fryske skiednis' 10 ferskes en 5 karaoke-nûmers oer de Kanon fan de Fryske skiednis. Mei rock, rap en balads nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien mei troch it ferline fan Fryslân.

Bestel hjir de nije cd.