Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

De haat-leafde ferhâlding mei it wetter

Foaral op de klaai yn it noarden fan de provinsje binne der in soad terpen te sjen. Yn totaal binne der yn it Fryske gebiet by de Noardseekust lâns sa’n tûzen lytsen en grutten te finen. De earsten waarden oanlein om 600 foar Kristus hinne en se ha oant likernôch it jier 1000 fertuten dien. Dêrnei waarden seediken oanlein en hienen de terpen gjin feitlike funksje mear.

Omrop Fryslân start nei de simmer mei opnames fan it nagelnije famyljespulprogramma NO DOE. De show sil opnommen wurde yn ferskillende Fryske musea en giet oer de skiednis fan Fryslân. It draait hjirby net om parate kennis, mar om it opspoaren fan antwurden.

"Wat witsto fan it Frysk ferline? Yn septimber kinst dysels en dyn famylje teste yn it nije spulprogramma NO DOE...NO DOE is folle mear as in kenniskwis. Fysike test en taktysk tinkfermogen bin eigenskippen om dizze striid te winnen."

Yn it nije televyzjeprogramma NO DOE stride alle wiken twa famyljes om de ear yn ien fan de Fryske topmusea. Kin dyn famylje goed gearwurkje en fynsto de Fryske skiednis nijsgjirrich? Jou dy dan no op foar dit spannende televyzjeprogramma foar de hiele famylje.

«« « Vorige 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 Volgende » »»
Ook op deze website

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

In klip by De Ko

Der is no ek in klip by it nûmer fan De Ko. Swing en sjong mei mei Janneke Brakels en Anna Marije Bloem!

 

 Besjoch him hjir!

NIJ: cd Fryske Kanon

Op de cd 'Ferskes oer de Fryske skiednis' 10 ferskes en 5 karaoke-nûmers oer de Kanon fan de Fryske skiednis. Mei rock, rap en balads nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien mei troch it ferline fan Fryslân.

Bestel hjir de nije cd.