Foaral op de klaai yn it noarden fan de provinsje binne der in soad terpen te sjen. Yn totaal binne der yn it Fryske gebiet by de Noardseekust lâns sa’n tûzen lytsen en grutten te finen. De earsten waarden oanlein om 600 foar Kristus hinne en se ha oant likernôch it jier 1000 fertuten dien. Dêrnei waarden seediken oanlein en hienen de terpen gjin feitlike funksje mear.
De earste bewenners wienen jagers, dy’t in swalkjend bestean lieden. Om 3400 foar Kristus hinne kamen de earste boeren en har kij hjirhinne. Sy settelden har en fierden op grutte skaal lânbou yn.
De earste echte bewenners fan Fryslân wienen dus molkfeehâlders. En dêrmei begjint de skiednis fan Fryslân eins mei de komst fan … de ko.
De koe is heel belangrijk voor Fryslân. Er wordt vaak gezegd dat met de koe de Friese geschiedenis is begonnen. Telkens weer zie je de koe terugkomen in het landschap, zelfs midden in Leeuwarden. Daar staat namelijk een bekend standbeeld van een koe: 'Us Mem'.
De earste bewenners fan Fryslân komme hjir om ende by 11.000 foar Kristus. Troch de iistiid leit de Noardsee folle leger as no. It klimaat is kâld, te fergelykjen mei it klimaat yn it noarden fan Skandinavië no. De minsken wennen net op in fêst plak, mar trekke as nomaden troch dizze streek.
Folle letter, sa rûn 3.400 foar Kristus komme de earste boeren yn Fryslân te wenjen.
Twa mannen, twa striders foar in rjochtfeardige wrâld, dy’t fochten foar itselde, ferheven ideaal, mar uteinlik grutte rivalen waarden. Dat wienen Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Oan de ein fan de njoggentjende ieu wienen sy de belangrykste lieders fan it sosjalisme, de politike streaming dy’t doe sterk yn opkomst wie.