Abe Lenstra
In Fryske sportheld
1920-1985
‘As Abe Lenstra yn Amsterdam wenne hie, dan wie net Johan Cruyff, mar Abe útroppen ta fuotballer fan de ieu.’ Dat is wat der wolris sein wurdt oer de bêste, bekendste en meast eigensinnige fuotballer dy’t Fryslân ea hân hat. Abe wie net allinnich in fenomeen yn syn eigen provinsje, hy wie ek it earste echte sportidoal fan Nederlân, en wie de earste dy’t de titel ‘Sportman van het jaar’ drage mocht. Hy hie dit te tankjen oan syn geweldige balbehearsking, syn geniale spulynsjoch en syn fermogen om faak te skoaren.
lês mear»