Bûter
De Fryske AEX-yndeks
0-no
It Fryske goud, dat is bûter. Al fan de Midsieuwen ôf wie bûter in bekend Frysk produkt dat nei it bûtenlân ferkocht waard. Healwei de 19de ieu waard der safolle bûter foar sokke bêste prizen ferkocht, dat de Fryske boeren der grou jild oan fertsjinnen. Mar dy fette winsten makken de boeren ek lui, en sy seagen net yn dat sy by de tiid bliuwe moasten om de striid mei it bûtenlân oan te kinnen. Dêr wienen al echte suvelfabriken yn bedriuw en safier wie Fryslân noch net. Fluch waarden der molkfabriken boud en sa koenen de Fryske boeren har produkten wer fierder eksportearje.
lês mear»