Maria Louise van Hessen-Kassel
De Nassaus yn Fryslân
1688-1765
Fryslân hat in grutte rol spile yn it ûntstean fan it keninklike Hûs van Oranje Nassau. In pear ieuwen werom hienen we hjir yn Fryslân it foarstehûs Nassau. De Nassaus wennen foar in flink part fan it jier yn Ljouwert. Dat wie harren residinsje. Dyselde Nassaus waarden de streekrjochte foarâlden fan de lettere Nederlânske keningen en keninginnen fan Oranje-Nassau. Ien fan de wichtichste Nassaus wie Maria-Louise van Hessen Kassel. As sy der net west hie, hie Nederlân no miskien sûnder keningshûs sitten. Se wie by de Friezen sa populêr dat se sels Marijke-Muoi neamd waard, tante Marijke.
lês mear»