De Aytta’s
Friezen yn foarstetsjinst
1499-1577
Yn de 16e ieu is it dien mei Fryslân as selsstannich gebiet. De Fryske frijheid, de oarloch fan Edzard Cirksena, it tsjinakseljen fan Grutte Pier hawwe allegear net laat ta in eigen, nij lân. Fryslân komt earst ûnder it bewâld fan de Hartoch fan Saksen en wurdt letter in ûnderdiel fan it grutte Habsburchske Ryk . Mar dat jout oare minsken wer de kâns om in grutte rol te spyljen yn de skiednis. Twa fan har binne de Friezen Bucho en Viglius Aytta. Sy groeie út ta belangrike bestjoerders ûnder de nije keningen.
lês mear»