Redbad en Bonifatius
In heidenske kening en in kristlike martler
689-754
Kening Redbad woe him net dope litte en de sindeling Bonifatius waard fermoarde, mar dochs waarden de Friezen krekt yn dyselde tiid, de achtste ieu, in kristlik folk. Dit barde yn in dekor fan jierrenlange striid tsjin de Franken. Dy waard om ferskillende redenen fierd, mar it geloof spile dêr in sintrale rol yn. De Franken festigen mei hurde hân net allinnich har gesach yn Fryslân, mar ek it kristendom. Letter krige Fryslân sels in rol yn it fierder fersprieden fan it Kristendom. De Fryske misjonaris Liudger hat belangryk west foar de bekearing fan it Saksyske gebiet, yn Dútslân.
lês mear»