Artikel Foto

De ko

De komst fan boeren en kij

Om-ende-by 3400 foar Kristus
De skiednis fan Fryslân begjint eins mei de komst fan… de ko. De earste echte bewenners fan Fryslân wienen nammentlik molkfeehâlders.
Earne rûn 11.000 foar Kristus wienen der al minsken yn Fryslân. Mar dat wienen jagers, dy’t in swalkjend bestean lieden. Om 3400 foar Kristus hinne kamen de earste boeren en har kij hjirhinne. Sy settelden har en fierden op grutte skaal lânbou yn. Fan dizze earste bewenners is ierdewurk fûn: bekers dy’t de foarm fan in trachter ha. Dêrom wurdt dizze earste beskaving yn Fryslân ek wol trachterbekerkultuer naam.
 lês mear»
Download de Flash player om de video te bekijken.

Der op út

Fries Landbouw Museum - Earnewâld; Fries Museum - Ljouwert; Grafheuvel - Bakkefean; Het Hunebed van Gaasterland - Riis; IJstijdenmuseum - Bûtenpost; It Griene Nêst - Sumar; Streekmuseum Opsterland - De Gordyk

Boeken

Isabelle Masson-Deblaize e.a., Het grote boek van de dieren op de boerderij (Oosterhout 2004); Evelien de Vlieger, Lusten koeien melk? (Hasselt 1999); Ada Schouten-Verrips. Besmet gebied (Goes 2001)