Gerrit Benner
In Ljouwerter skilder en syn Fryske lânskip
1897-1981
It Fryske lânskip hat te sjen west yn Sint Petersburg, yn Barcelona, yn Brazilië en Japan. Mei tank oan Gerrit Benner, de bekendste Fryske lânskipsskilder fan de 20e ieu. Gerrit Benner is mei syn skilderijen bekend wurden yn binnen- en bûtenlân en hat in soad belangrike prizen wûn. De wrâld dy’t Benner skildere wie in dreamerige mearkeswrâld, mei kij, hynders, lân, wetter en wolken. Hy skildere mei heldere kleuren mar liet in soad oan de ferbylding oer. Karel Appel, de wrâldferneamde skilder út Amsterdam, neamde him ‘een rasschilder met een noordse fabelachtige kant in zijn werk.’
lês mear»