Yndustrialisaasje
Swiertepunt ferskoot nei de Wâlden
1949
Yntusken wurkje der noch mar in hiel lyts part fan alle Friezen yn de lânbou. Sûnt healwei de tweintichste ieu binne de measte banen te finen yn oare bedriuwstakken. Ien fan de earste echt grutte bedriuwen dy’t yn Fryslân kamen, wie Philips yn Drachten. De komst fan it skearapparaatfabryk hat ôfgryslik belangryk west foar it easten fan de provinsje. Hûnderten minsken út de Wâlden koenen hjir oan it wurk. Dat luts wer oare minsken en bedriuwen oan, en sa ûntwikkele dizze streek him yn koarte tiid fan in efterbleaun gebiet ta ien fan de sterkste ekonomyske motors fan Fryslân.
lês mear»