De ruilferkaveling
De ynfloed fan in Frysk foarbylddoarp
Twadde helte 20ste ieu
Der is neat wat it oansjen fan it Fryske plattelân de ôfrûne tsientallen jierren mear feroare hat as de ruilferkavelingen. Fryslân rûn lannelik sjoen fier foarop. Sa hie de alderearste ruilferkaveling fan Nederlân plak op It Amelân. En yn De Rottefalle waard in eksperimint dien, dat letter op in soad plakken neifolge waard. It hiele proses fan ruilferkaveling hat yn Fryslân goed hûndert jier duorre, rûchwei de hiele tweintichste ieu. Ynearsten wie it foaral bedoeld om de boeren it wurkjen makliker te meitsjen, mar geandewei waard in ruilferkaveling belangryk foar elkenien yn dy streek.
lês mear»