Kneppelfreed
Taalstriid mei wapenstôk en wetterkanon
1951
Kneppelfreed wurdt sjoen as in belangrike trochbraak yn de striid om gelikense rjochten foar it Frysk. Yn dy tiid wie de status fan de Fryske taal noch slim ûndergeskikt oan it Nederlânsk. By offisjele ynstânsjes, lykas by oerheid, plysje of rjochtbank, mocht it Frysk net sprutsen wurde. En op fierút de measte skoallen wie it Nederlânsk de ienige taal dy’t leard waard. Dit sinnige in soad minsken net, en sy makken har, oant foar de rjochter ta, sterk foar har eigen taal. Hjirnei waard de posysje fan it Frysk folle better regele.
lês mear»