Artikel Foto

Abe Lenstra

In Fryske sportheld

1920-1985

Ier yn de tweintichste ieu groeide de fuotbalsport út ta de meast beoefene en populêrste sport yn Fryslân. Fuotbalferienings waarden yn it earstoan allinne yn de gruttere plakken oprjochte. Op it plattelân gie dy ûntjouwing aardich stadiger, benammen yn de kriten dêr’t keatst waard. Ynearsten wie fuotbaljen in spul foar jonges út de hegerein en de middengroepen, lykas ek de iere skiednis fan de âldste fuotbalklup, LAC Frisia yn Ljouwert, sjen lit. Nei de Earste Wrâldoarloch kaam de trochbraak fan it fuotbaljen as folkssport. Yn dy tiid fan ferpyldering hiene ek de sportferienings gauris in ferpyldere sinjatuer. Der wie in spektakulêre groei fan de fuotbalsport nei de Twadde Wrâldoarloch, mar no net mear sa bot op ferpyldere basis. Lykas op oare plakken yn Europa wie it beoefenjen fan sport ûnderwilens ien fan de wichtichste ferskiningsfoarmen fan de opkommende massakultuer. It op It Hearrenfean berne supertalint Abe Lenstra levere in dúdlike bydrage oan de niget oan fuotbaljen as sport om nei te sjen, in niget dy’t al yn de oarloch hieltiten oanwûn. Net in soad Friezen sille mear ta de folksferbylding sprutsen ha as dizze fuotballer. Syn reputaasje stuolke op in treflike balbehearsking, grut skoarend fermogen en geniaal spulynsjoch. As jongkeardel fan njoggentjin debutearre Abe yn it Nederlânsk alvetal en njoggen kear efterinoar behelle er it noardlik kampioenskip mei syn klup, Heerenveen. De ferhalen dy’t hjoed de dei noch altiten yn Fryslân oer him ferteld wurde, bestimpelje him ta in sportheld, dy’t der net allinne yn it fuotbaljen, mar yn gâns tûken fan sport útkipte. Syn karriêre yn it Nederlânsk alvetal wie ritich en syn optreden yn Oranje wie út en troch sûnder ynspiraasje. Likegoed spile er 47 ynterlands, dêr’t er 33 kear yn skoarde. Geregeldwei krige er spul mei de karkommisje foar it Nederlânsk alvetal oangeande de posysje dy’t er begearde as binnenspiler yn de foarhoede. Dy duorjende kwestje makke fan him yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch de meast besprutsen sportman yn Nederlân. As earste wûn er de publykspriis fan ‘Sportman fan it jier’ en waard er sadwaande in nasjonaal idoal. Dat wie yn in tiid dat oare grutte Nederlânske fuotballers, lykas de Rotterdammer Faas Wilkes, keazen foar in profbestean yn it bûtenlân. Hieltiten wer sloech Abe lukrative bûtenlânske oanbiedings ôf, mar yn 1955 soe er dochs as proffuotballer spylje, foar SC Enschede. Syn lêste ynterland spile Lenstra doe’t er 38 jier âld wie. De fuotballer en persoan Abe Lenstra fungearre nei de oarloch in tal jierren lang by útstek as ynstrumint fan Frysk-nasjonaal besef yn in oplibjende Nederlânske sportkultuer. Dat wie yn in tiid dat de televyzje noch net ít medium wie foar it fersprieden fan sportheldedom as ûnderdiel fan massakultuer. No’t de groep minsken dy’t Lenstra sels noch spyljen sjoen ha hieltiten lytser wurdt, is syn namme en rop ôfhinklik wurden fan de (legindaryske) ferhalen dy’t der oer him trochferteld wurde, en fan syn ikoanwearde foar it SC Heerenveen fan hjoed de dei. Oant yn de santiger jierren hie de fuotbalsport ûnder Nederlânske yntellektuelen en akademisy in dubieuze, folkske reputaasje. Allinne al it yn 1995 opfierde teater- en fuotbalspektakel Abe! – in replay fan de ferneamde wedstriid út 1950, doe’t Heerenveen in efterstân fan 1-5 tsjin Ajax omsette koe yn in 6-5 oerwinning – lit sjen wat der ûnderwilens op dat mêd feroare is.

Download de Flash player om de video te bekijken.
Jo moatte earst oanmelde foardat jo dit item tafoegje kinne oan jo favoriten.
literatuer
Johann Mast, Abe. Het levensverhaal van
Nederlands eerste grote sportidool (Baarn 2007).
Wio Joustra en Yme Kuiper, SC Heerenveen.
Spelen met traditie (Amsterdam 2001).
Chris Kruisinga e.a. (red.), Eerst de man. Voetbal in
Friesland (Ljouwert 1979).
C. Miermans, Voetbal in Nederland. Maatschappelijke
en sportieve aspecten (Assen 1955).

fertakkingen


primêr ûnderwiis

Heldedom en idoalen
Fryske sporthelden: Pim Mulier en Jeen van den Berg

fuortset ûnderwiis

Sport en ekonomy
Sport en fandalisme

ferwizingen


der op út
Abe Lenstra-stadion It Hearrenfean
Cambuurstadion Ljouwert
Thialf It Hearrenfean
Sjûkelân Frjentsjer

yn de skatkiste

Replika skilderij Jopie Huisman: Oude
voetbalschoenen

jeugdboeken
Eppie Dam, In byld fan in spiler (Ljouwert 2006).
Jelle Bangma, Keatse foar de krânse (Ljouwert
1998).

doe en no
Topsport hjoed de dei

links
School tv voortgezet onderwijs