Artikel Foto

Titus Brandsma

In roomske Fries

1881-1942

Paus Johannes Paulus II ferklearre Titus Brandsma yn 1985 sillich. De deis dêrnei spruts de paus de pylgers út binnen- en bûtenlân ta yn de San Michele dei Frisoni, tichte by it Fatikaan. Dy tsjerke, bekender as de ‘Friezetsjerke’, tsjinne yn de midsieuwen as ferbliuwplak foar pylgers út Fryslân wei en betsjinnet hjoed de dei benammen de Nederlânske mienskip yn Rome. It trefplak yn de tsjerke is nei Brandsma neamd. It leauwe en engaazjemint fan Brandsma wiene yn syn libben in grutte stimulâns foar tsjerklike en maatskiplike groepearrings yn en bûten Fryslân. Titus Brandsma waard yn 1881 yn Oegekleaster by Boalsert berne as Anno Sjoerd Brandsma. Doe’t er alve wie, gie er út Fryslân wei om yn Brabân oan in kleasterskoalle te gean. By syn yntree yn de oarder fan de Karmeliten yn 1898 naam er de namme Titus oan. Yn 1905 waard er ta pryster wijd, wêrnei’t er yn Rome in pear jier filosofy studearre oan de ferneamde Pontificia Università Gregoriana. Nei syn promoasje yn 1909 waard er heechlearaar oan it filosofysk kolleezje fan syn oarder te Oss en letter oan de katolike universiteit fan Nijmegen. Hy wie spesjalisearre yn de skiednis fan de mystyk. Doe’t er yn de ynternasjonale mienskip yn Rome tahâlde, waard Brandsma him al bewust fan de wearde fan de eigen taal – yn syn gefal it Frysk – foar de religieuze belibbing en foar in goed maatskiplik funksjonearjen. Fanút Brabân droech er út dat betinken wei sa goed mooglik by oan it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk en de Fryske roomske mienskip. Yn 1917 wie er ien fan de oprjochters fan it Roomsk Frysk Boun, dêr’t er sels ek de earste sekretaris fan wie. It Boun stribbe nei de erkenning fan it Frysk, ûnder oare troch te wurkjen oan de produksje fan Frysktalige ferhalen, lieten, devoasjeprintsjes en gebedeboeken. Brandsma publisearre sels geregeldwei yn it Frysk en gie by gelegenheid ek yn missen yn it Frysk foar. Brandsma hechte tige oan goed ûnderwiis en goede foarljochting en besocht om op it mêd fan ûndersyk, ûnderwiis en sjoernalistyk allerhanne krêften te bondeljen. Foar Fryslân sette er him yn as lid fan de Provinciale Onderwijsraad, gie er yn de pleit foar it stiftsjen fan in learstoel Fryske taal- en letterkunde (1933), stie er mei oan de basis fan de fakultative ynfiering fan it Frysk as fak op de legere skoallen (1937) en hie er in wichtich oanpart yn it oprjochtsjen fan de Fryske Akademy (1938). Ek wie er meioprjochter fan de feriening foar wittenskiplik ûndersyk nei de tsjerkeskiednis fan Fryslân, Frisia Catholica (1937). Brandsma syn earste aktiviteiten wiene in yntegraal ûnderdiel fan syn stribjen nei in wrâldomfiemjende maatskippij op praktysk-kristlike grûnslach. Oare inisjativen yn dat ljocht wiene syn bemuoienis mei it Esperanto en syn wurk foar it Apostolaat der Hereniging, in ynternasjonale organisaasje dy’t stribbe nei ienheid fan de kristenen. Dy en gâns oare funksjes brochten Brandsma yn kontakt mei minsken fan oer de hiele wrâld. Yn de Twadde Wrâldoarloch liet Brandsma him yn wurd en skrift kenne as in útdruklik tsjinstanner fan it nasjonaal-sosjalisme en it antysemitisme. As lanlik adviseur fan de katolike deiblêdskriuwers kaam Brandsma yn de earste jierren fan de oarloch yn ’e pine te sitten. Yn oerlis mei de aartsbiskop stelde er in advys op oan de katolike deiblêden om beskate meidielings fan de Dútske oerheid net te pleatsen. Under syn omgong by de ferskate redakteuren del waard er arrestearre en finzen naam. Ut syn sel wei skreau er brieven en geskriften, dy’t nei syn dea yn Dachau yn 1942 earst temûk ferspraat en nei de befrijing publisearre waarden. Mei de jierren waard er as fersetsheld, as leauwend kristen, as katolyk en as Fries op ferskate plakken yn Nederlân en Europa betocht yn de foarm fan it oprjochtsjen fan ynstituten, musea en stanbylden, troch it publisearjen fan libbensbeskriuwings en, net yn it lêste plak, troch syn sillichferklearring.

Download de Flash player om de video te bekijken.
Jo moatte earst oanmelde foardat jo dit item tafoegje kinne oan jo favoriten.
literatuer
G.R. Zondergeld, ‘Brandsma, Anno Sjoerd
(1881-1942)’, yn: Biografisch Woordenboek van
Nederland. http://www.inghist.nl/Onderzoek/
Projecten/BWN/lemmata/bwn1/brandsma
M.P.M.Muskens, De kerk van de Friezen bij het graf
van Petrus (Rome 1995).
H.W.F. Aukes, Het leven van Titus Brandsma
(Utrecht-Antwerpen 1985).
Feestjefte fyftich jier Roomsk Frysk Boun.
Jubileumjefte (Boalsert 1967).

fertakkingen


primêr ûnderwiis

Kleasteroarder
Titus Brandsma en de besetter
Sillichferklearring
Wat is in pryster?

fuortset ûnderwiis
Ynternasjonalisearring
Katoliken yn de Twadde Wrâldoarloch
Konsintraasjekamp Dachau
Ferpyldering
De rol fan Titus Brandsma yn en foar Fryslân

ferwizingen

der op út

Katolike tsjerke
Stânbyld fan Brandsma by de Bonifatiuskapel,
Dokkum
Titus Brandsma-museum Boalsert
Bertepleats Brandsma Oegekleaster

yn de skatkiste

Friezetsjerke te Rome
Nije hilligen
Nije ferpyldering

links

links
www.titusbrandsmamuseum.nl