Douwe Kalma
Fryslân en de wrâld
1896-1953
Dat der noch altyd safolle Frysk praat en skreaun wurdt, is foar in belangryk part te tankjen oan Douwe Kalma. Der is hast gjinien dy’t safolle wurk dien hat om it Frysk foar de moderne tiid te behâlden. Hy rjochte syn eigen Fryske klup op: de JongFryske Mienskip, skreau gedichten en toanielstikken, stichte ferskillende Fryske tydskriften en organisearre allegear byienkomsten en oare aktiviteiten om it Frysk ûnder de oandacht te bringen en om der in kreaze taal fan te meitsjen om boeken en gedichten yn te skriuwen.
lês mear»