Nei it ‘lân fan dream en winsken’
Emigraasje nei de Feriene Steaten
1845-1914
It lân fan dream en winsken. Foar in soad Friezen wie dat net har eigen heitelân, mar Amearika. Tusken 1880 en 1910 kearden mear as 20.000 minsken Fryslân de rêch ta en teagen nei it bûtenlân. Op syk nei in nije takomst emigrearen sy nei it nije Amerikaanske lân.
Letter, nei de Twadde Wrâldoarloch, kaam der wer in grutte emigraasjegolf op gong. Doe foaral nei Kanada, Austraalje en NijSeelân. Yn de jierren tusken likernôch 1945 en 1960 pakten sa’n 18.000 Friezen har koffers en namen de boat nei in oar lân.
lês mear»