Domela en Piter Jelles
Earmoede en garisma
1880-1900
Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra fochten foar itselde, ferheven ideaal, mar waarden úteinlik grutte rivalen. Oan de ein fan de 19de ieu wienen sy de belangrykste lieders fan it sosjalisme, de politike streaming dy’t doe yn opkomst wie. Fryslân wie ien fan de earste plakken yn Nederlân dêr’t it sosjalisme in soad oanhingers krige. Domela waard de earste sosjalist yn it parlemint, en Troelstra wie de oprjochter fan de de earste echte sosjalistyske politike partij. Skouder oan skouder begûnen sy it gefjocht foar in better bestean foar de earme arbeiders.
lês mear»