Oan de ein fan de njoggentjinde ieu sieten in soad ynwenners fan Fryslân yn earmoedige omstannichheden. Yn parlemint en parse waard praat fan ‘it earme Fryslân’. Direkte oarsaak wie de lânboukrisis fan de tachtiger jierren. Mar al folle langer hie him yn Fryslân in ûnderlaach foarme fan minsken dy’t yn ellindige omstannichheden libben – yn spitketen op heidefjilden en yn net-sûne ienkeamerwenten yn de stêden. As hja al wurk hiene, dan wie dat faak ûnder de swierste omstannichheden. Dat gou benammen foar de lân- en feanarbeiders. Yn dy fermiddens kaam der dan ek al yn de iere njoggentjinde ieu ferset tsjin ‘ûnderdrukking’ troch grutte boeren en feanbazen. Yn de súdeasthoeke fan de provinsje lizze de woartels fan de organisearre arbeidersbeweging yn Nederlân; de feanarbeiders dêre organisearren stakings, it saneamde ‘bollejeien’. Letter rjochten lânarbeiders op It Bilt harren eigen bûn op: Broedertrouw. Yn dat klimaat fan earmoede en fan opkommend ferset dêrtsjin stapten nei 1880 yn Fryslân twa tige links-oriïntearre polityk lieders nei foaren: Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Beide waarden troch in opfallend garisma karakterisearre. Nieuwenhuis kaam út in links-religieuze tradysje en dat wie oan syn liederskip goed te fernimmen. Hy hie de trekken fan in Jezus, in ferlosser en krusige tagelyk. Net om ’e nocht neamden de arbeiders foar wa’t er it opnaam him ‘ús ferlosser’. Troelstra syn eftergrûn wie earder syn romantysk dichterskip en de identifikaasje mei it Fryske folk. Hy wie mear sosjabel en boargerlik as Domela. Beide politisy begûnen harren wurk yn Fryslân en beide soene hja letter har wurk ferpleatse nei it nasjonaal poadium. Domela Nieuwenhuis (1846-1919) waard yn de jierren nei 1880 de grutte, sosjalistyske foarman fan de folksbeweging dy’t yn Fryslân tsjin de hearskjende earmoede agearre. Oarspronklik wie er luthersk predikant, mar yn 1879 wie er ateïst wurden. Allegeduerigen hammere Domela yn publikaasjes en redes op de winsklikens fan algemien kiesrjocht en sosjale wetjouwing. Yn syn redes yn en bûten it parlemint sette er him fûleindich ôf tsjin de fiif K’s: Kapitaal, Kening, Kazerne, Kroech en ‘Kerk’. Yn it earstoan leaude Domela noch dat der binnen it besteande polityk bestel in oplossing foar it probleem fan de earmoede fûn wurde koe; by einsluten waard er anargist en preke er de revolúsje. Yn 1887 siet Domela fanwegen misledigjen fan kening Willem III in finzenisstraf út, mar yn it jier dêrnei waard er mei stipe fan antyliberale kristlike kiezers yn de Twadde Keamer keazen. Nuver genôch wie ek de wichtichste tsjinstanner fan Domela binnen de sosjalistyske beweging in Fries, nammentlik de dichter en advokaat Piter Jelles Troelstra (1860-1930). Troelstra, dy’t út in Ljouwerter liberaal boargerlik fermidden kaam, keas yn 1890 foar it sosjalisme. Hy begûn foar it gerjocht sosjalistyske arbeiders en boeren te ferdigenjen. Dat, en syn oansteklike, opswypkjende redes makken dat syn populariteit en ynfloed binnen de sosjalistyske beweging fluch grutter waarden. Yn 1894 rjochte Troelstra de SDAP (Sosjaal- Demokratyske Arbeiders Partij) op, in lanlike partij dy’t trochsette woe mei it sykjen nei oplossings binnen it parlemintêr bestel. No rekke de sosjalistyske beweging yn in spjalt tusken ‘parlemintêren’ en ‘revolúsjonêren’, tusken Troelstra en Domela. Hoe djip oft dat gie, die yn 1896 bliken by de romrofte Hogerhuis-rjochtsaak. Sûnder goede reden wiene trije bruorren Hogerhuis feroardiele, in oerdúdlik gefal fan klassejustysje. Mar mei’t er tsjinwurke waard troch de oanhing fan Domela, slagge it Troelstra net om de bruorren frij te krijen. Ynearsten groeide Troelstra syn SDAP net hurd. It Fryske gewest wie in skoft de grutste fan alle Nederlânske ôfdielings. Troch binnen- en bûtenparlemintêre aksjes koe Troelstra, dy’t yn 1897 Keamerlid waard, in soad omtinken krije foar sosjale wetjouwing en algemien kiesrjocht.
literatuer
Jan Meyers, Domela. Een hemel op aarde
(Amsterdam 1993).
Johan Frieswijk, Om een beter leven. Land- en
veenarbeiders in het noorden van Nederland 1850-
1914 (Ljouwert 1989).
Pieter Terpstra, Pieter Jelles Troelstra. Het leven
van een strijder (Drachten 1985).
Johan Frieswijk, Socialisme in Friesland 1880-1900
(Amsterdam 1977).
Kerst Huisman, Opstand in de turf. Het harde leven
in een veenderijgebied (Ljouwert 1981).
fertakkingen
primêr ûnderwiis
Berne-arbeid
Libbensomstannichheden njoggentjinde ieu
Ferbettering leger ûnderwiis
Enerzjy
De tsien fan Martens Afke
fuortset ûnderwiis
Feanterij en de feroarings yn it lânskip
Ynfrastruktuer Fryslân achttjinde en njoggentjinde
ieu
Opkomst arbeidersbeweging
Feanstakings
Untstean politike partijen
ferwizingen
der op út
Museum Willem van Haren/Domela Nieuwenhuismuseum
It Hearrenfean
Tresoar Ljouwert (Troelstra-kolleksje)
Feanmuseum It Damshûs Nij Beets
Spitkeet De Harkema
yn de skatkiste
Turf
jeugdboeken
Nienke van Hichtum, Afke’s tiental (Heerhugowaard
1997).
Anny de Jong, De tsien fan Nynke fan Hichtum
(Ljouwert 2003).
doe en no
Untstean nije politike partijen hjoed de dei
Fersoargingssteat