It Oera Linda-boek
It mystifisearre Fryslân
1867
De Fryske kultuer is al 4000 jier âld en wie yn dy tiid sá sterk, heechsteand en oerhearskjend dat Fryslân oan de basis stiet fan alle oare Europeeske beskavingen. Dat ís net sa, mar dat is wol wat guon Friezen en ek oaren lange tiid tocht ha. Mei tank oan it Oera Linda-boek. It is in geheimsinnich boek, yn de 19de ieu skreaun troch in doe ûnbekende man, dy’t it lykje litte woe as wie it boek in oerbliuwsel út dy grutte oerâlde Fryske beskaving. In protte minsken stonken deryn en it Oera Linda-boek waard yn in soad oare talen oerset.
lês mear»