Fan republyk nei ienheidssteat
Eardere frije Friezen
1780-1813
Oan de ein fan de 18e ieu stie it bestjoer fan ús provinsje flink op syn kop. Yn de jierren fan 1796 oant en mei 1798 wie Fryslân sels it meast radiaalrevolúsjonêr bestjoerde gewest fan de Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden.
Lykas altyd gie ek dit polityk rumoer lyk op mei maatskiplike ûnrêst, fjochterij en deaden. En it einresultaat wie perfoarst net wêr’t elkenien nei stribbe hie. De frijheid dy’t alle gewesten hienen, waard yn 1798 ynlevere en Nederlân waard in ienheidssteat – de Bataafske Republyk – sintraal bestjoerd út Den Haach wei.
lês mear»