Artikel Foto

Fan republyk nei ienheidssteat

Eardere frije Friezen

1780-1813

‘Wij zijn geweesene vrije friesen’, skreau in teloarstelde Frysk patriot Coert Lambertus van Beyma yn 1798 yn Harns oan syn broer Eduard Marius yn Den Haach. It jier 1798 wie yn mear as ien opsicht de ein fan in tiidrek. Yn it foarste plak fan in lytse tweintich jier fan machtswiksels en partijstriid tusken patriotten en oranzjisten en tusken foar- en tsjinstanners fan in Nederlânske ienheidssteat. Mar 1798 betsjutte ek de ein fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en dêrmei fan de autonomy fan de aparte gewesten. De fûleindige ferdieldheid en partijstriid begûnen mei de Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784). Dy soarge foar grutte ekonomyske malêze en dat waard steedhâlder Willem V dêrnei oanrekkene. In bûnt selskip fan regionaal en nasjonaal ferbûne ‘vaderlanders’ – dy’t mei-inoar de saneamde Patriottebeweging wiene – krewearre no foar bestjoerlike ferbettering likegoed as foar herfoarming. Allinne op dy wize soe de âlde gloarje fan de Republyk wer oplibje kinne. Harren foarman yn de Fryske Steategearkomste wie de doe noch jonge en frisse Coert Lambertus van Beyma. Hy hie kontakten mei besibbe geasten yn oare gewesten, ûnder oaren mei Joan Derk van de Capellen, in Oeriselske ealman, dy’t yn in ferneamd wurden anonym pamflet – ‘Aan het volk van Nederland’ (1781) – oprôp ta it oprjochtsjen fan folksmilysjes. Ynearsten bleau it sukses fan de patriottebeweging beheind. De ein fan de oarloch yn 1784 en benammen argewaasje fan de patriottyske parse en de folksmilysjes – ‘frijkorpsen’ – brocht in soad Fryske reginten al werom yn it kamp fan de steedhâlder. Doe’t de patriotten dêrnei yn 1787 ek noch yn de akademystêd Frjentsjer, dy’t harren tagedien wie, in steatsgreep diene dy’t fuortdaalk delslein waard, liek it tij foargoed keard te wêzen. In protte patriotten, dêr’t Van Beyma ek by wie, flechten nei it bûtenlân. Seis jier letter, yn 1795, foelen Frânske revolúsjonêre troepen de Republyk binnen. Steedhâlder Willem V flechte mei syn famylje nei Ingelân. De patriotten dy’t yn 1787 flechte wiene, kamen tagelyk mei de Frânsken werom yn it lân; it wie it begjin fan de Bataafske Republyk (1795-1801). Der wie yn Fryslân no in fluwielen revolúsje geande. De âlde lokale en gewestlike reginten waarden ferfongen troch nije, keazen represintanten fan it folk. Folkssosiëteiten mei radikale sympatyen slaggen der mei stipe út Hollân wei yn om in fierdere suvering fan polityk net-winske eleminten troch te fieren. It wie tekenjend foar de sfear dat radikale revolúsjonêren earder al de grêven fan de steedhâlderlike famylje yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke skeind en plondere hiene. Hja fuotballen mei de skedels fan de Fryske Nassaus. Tusken 1761 oant 1798 wie Fryslân it meast radikaal-revolúsjonêr bestjoerde gewest fan de Republyk. De driging fan it ynfieren fan de ienheidssteat en it ferplichtsjen ta revolúsjonêr boargerbewapenjen rôpen lykwols ferset op tsjin it ‘skrikbewâld’. By it Kollumer Oproer, yn in krite mei gâns grifformearde oranzjisten, foel in tal deaden. It radikale bestjoer bestried dy ‘kontrarevolúsjonêre’ agitators fûleindich. Ek liet it de top fan it âlde regintelaach opslute yn it Ljouwerter blokhûs. De ienheidssteat kaam der likegoed en wol mei tank oan in steatsgreep yn Den Haach, dy’t troch radikale foarstanners útfierd waard. Yn de rêch dutsen troch Frânske troepen waard de earste Nederlânske grûnwet ynfierd en kaam der definityf in ein oan de gewestlike selsstannigens. De fyftjin jier dêrnei (1798-1813) stiene bestjoerlik en ekonomysk yn it teken fan de hearskippij fan Napoleon. Nei dy syn delfal yn 1813 kaam de âlde tastân fan de Republyk net werom, mar bleau de ienheidssteat yntakt. De âldste soan fan de flechte en yntusken ferstoarne steedhâlder Willem V krige it keningskip oanbean. Kening Willem I besocht Ljouwert yn 1814. Oan de râne fan de stêd waarden de hynders útslein en luts it folk de koets oant by it eardere steedhâlderlik hof, dêr’t no de boargemaster wenne.

Download de Flash player om de video te bekijken.
Jo moatte earst oanmelde foardat jo dit item tafoegje kinne oan jo favoriten.
literatuer
J.R. Kuiper, Een revolutie ontrafeld. Politiek in
Friesland 1795-1798 (Frjentsjer 2002).
Kuiper, Yme, Adel in Friesland 1780-1880 (Grins
1993).
Bergsma, W., Boschma, C., Buist, M.G. en
Spanninga, H. (red), For uwz lân, wyv en bern. De
patriottentijd in Friesland (Ljouwert 1987).
Jong Hzn, M. de, Joan Derk van der Capellen.
Staatkundig levensbeeld uit de wordingstijd van de
moderne democratie in Nederland (Grins 1921).

fertakkingen

primêr ûnderwiis

Oproer yn de Grutte Tsjerke Ljouwert
Kollumer Oproer
Erkenning fan Amearika

fuortset ûnderwiis
Demokratyske revolúsjes it Nut en de
Folksopfieding
Populêre ferljochte ideeën

ferwizingen


der op út
Grutte Tsjerke Ljouwert
Blokhûs Ljouwert
Kollum

yn de skatkiste

Spotprint
Replika fan pamflet
Print fan Frjentsjerter plakette

jeugdboeken

Tsjalling fan Wolsum, Fryske Tsjerk yn Frânske
tsjinst (Ljouwert 1985).

doe en no
Efternammen
Notiidsk patriottisme
Sammeljen
sms / msn-taal