Artikel Foto

Eise Eisinga

Wenje yn in planetarium

1744-1828

Yn 1774 sette Eise Jeltes Eisinga (1744-1828) yn Frjentsjer mei de bou fan in planetarium útein, nota bene yn syn eigen húskeamer. Eisinga wie wat wy hjoed de dei in amateurastronoom neame soene. Fan berop wie er wolfabrikant. De reden dat er dat planetarium makke, is frjemd te neamen. Hy woe nammentlik bewize dat de wrâld net fergean soe. Dat moat útlein wurde. Yn 1774 joech de predikant fan Boazum, Eelco Alta, in boekje út dêr’t er de ûndergong fan de wrâld yn foarsei. Op 8 maaie fan dat jier, sa wie berekkene, soene de planeten Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de moanne yn konjunksje stean en dus opinoar botse. Ds. Alta foarsei dat dat de ‘ontslooping van het heelal’ fan gefolgen ha soe. Eisinga besleat no om yn de húskeamer in kopy te meitsjen fan it ‘himelsk oerwurk’ om sadwaande oan syn bangmakke tiidgenoaten sjen litte te kinnen dat de planeten yn wurklikheid neffens fêste wetten yn hieltiten widere banen om de sinne rûnen en dat hja dêrom alhiel net botse kínne soene. Eisinga stie yn in lange tradysje fan amateurwittenskip. Yn de hiele santjinde en achttjinde ieu waard der yn Fryslân oan lju dy’t dêr niget oan hiene universitêr wiskundich ûnderwiis jûn, in soarte fan beropsûnderwiis. Yn 1598 wie oan de Frjentsjerter universiteit de earste heechlearaar wiskunde beneamd – Adriaan Metius (1572-1635) –, dy’t net allinne yn it Latyn, mar ek yn it Nederlânsk ûnderwiis joech. Syn studinten soene letter as fêstingboukundigen (benammen yn de Tachtichjierrige Oarloch), astronomen, seefeartkundigen en lânmjitters warber wêze. Metius wie de earste yn in lange rige fan sokke heechleararen fan ‘idiotae’, lju dy’t gjin oplieding hiene mar dy’t niget hiene oan wiskunde en wiskundige problemen. Hja wurde somtiden ek wol ‘boereprofessors’ neamd. Eise Eisinga, in begoedige wolfabrikant fan Dronryp, wie ien fan harren. Eisinga libbe yn de tiid fan de Ferljochting. De wiskunde krige doe in morele lading en in religieuze byklank. Boargers lykas Eisinga seagen God nammentlik net mear as in figuer dy’t elk momint fuortdaalk yn syn skepping yngripe kin, mar as in ‘deus otiosus’ – in rêstend skepper dy’t yn it ferline ris mei de bêste bedoelings it ‘himelsk oerwurk’ yn gong setten hie. Yn har eagen wurdt de natuer karakterisearre troch in meganyske wetmjittigens en dy natuerwetten kinne ûntdutsen en beskreaun wurde. Dy hâlding sjogge wy werom by gâns fan de ‘boereprofessors’ dy’t har mei astronomyske problemen of mei de bou fan teleskopen dwaande holden. It waard in (te) langduorjend projekt. Eisinga makke dien wurk mei syn planetarium yn 1781, fier nei de benearjende datum fan de konjunksje, mar it wie sa’n yngenieus wurkstik dat mannich bûtenlanner delkaam en derfan bearde. Uteinlik kocht kening Willem I it yn 1825 oan foar it Ryk, mar yn 1859 joech de kening it wer werom oan de stêd Frjentsjer. Tsjintwurdich is it ien fan de wichtichste toeristyske attraksjes fan Fryslân. Efternei makket it projekt in tal saken helder; yn it foarste plak hoe’t wittenskip en maatskippij yn de santjinde en achttjinde ieu op inoar yngriepen. Yn de ierkapitalistyske Fryske maatskippij soarge de technologyske fernimstigens fan lju as Eisinga foar gâns ynnovaasjes op it stik fan seefeart, yndustry en lânbou en sadwaande foar in beskate mjitte fan foarútgong. Eisinga is, as achttjinde-ieuwer, ek karakterisearjend foar de perioade fan de Ferljochting. By him kaam betrouwen yn de wittenskip yn it stee fan in folle mear fatalistyske opfetting oangeande it lot fan it minskdom. Lykas in protte fan syn tiidgenoaten besocht er om dat betrouwen ek foar in breder publyk út te dragen.

Download de Flash player om de video te bekijken.
Jo moatte earst oanmelde foardat jo dit item tafoegje kinne oan jo favoriten.

literatuer
H. Nieuwenhuis, Het Eise Eisinga Planeterium
(Frjentsjer 1988).
W.E. Havinga, Wijk, en J. F. M. G. d’Aumerie,
Planetariumboek Eise Eisinga (1928) (digitaal op
www.wumkes.nl).
P.J. van Winter, Hoger beroepsonderwijs avant-lalettre.
Bemoeiingen met de vorming van landmeters
en ingenieurs bij de Nederlandse universiteiten van
de 17e en 18e eeuw (Amsterdam 1988).


fertakkingen

primêr ûnderwiis
Wat is wittenskip? Wat is in planetarium?
Utfinings
Stjerrekunde

fuortset ûnderwiis

Rol universiteit yn in provinsje
De Ferljochting (tsjinstelling teology/wittenskip)
Wittenskip yn de maatskippij

ferwizingen


der op út

Planetarium Frjentsjer
Folksstjerrewacht Burgum
Museum Martena Frjentsjer

yn de skatkiste

Yn oerlis mei it Planetarium

doe en no

Romtereizen
Astronauten


links
School tv voortgezet onderwijs