Sicco van Goslinga
Ealman, regint, diplomaat
1661-1731
De macht yn Fryslân wie yn de 17e en 18e ieu yn hannen fan in lytse elite fan reginten. Faak wienen dy fan adelike komôf. Ien fan har – miskien wol de meast suksesfolle -- wie Sicco van Goslinga út Doanjum. Sicco van Goslinga wie de baas yn Frjentsjerteradiel, hie in bestjoersfunksje oan de universiteit, hie in soad te fertellen yn it provinsjebestjoer en spile sels in rol yn de Europeeske polityk fan dy tiid. Sicco waard berne op in echte state yn Hjerbeam, en hy einige syn libben op syn eigen Goslingastate yn Doanjum.
lês mear»