Artikel Foto

Anna Maria van Schurman

Leard en leauwend

1607-1678

Fan de goed santich jier fan har libben hat Anna Maria van Schurman mar seis yn Fryslân tahâlden. Likegoed wurdt – troch har oanwêzigens yn Frjentsjer en mei’t hja yn Fryslân stoar – de namme fan dizze learde frou en keunstneres gauris mei Fryslân ferbûn. As froulik gelearde wie Anna Maria foar har tiid útsûnderlik. Hja wie dan ek wrâldferneamd. Hiel wat represintativer foar har dagen wie hja lykwols troch har strang religieuze ynslach. Lang om let keas hja der, om redenen dy’t mei it leauwe te krijen hiene, foar om har út de wrâld werom te lûken en har oan te sluten by in sekte yn Fryslân. Dat yntins rjochtsjen op it leauwe wie ek eigen oan it gesin dêr’t Anna Maria út kaam. De Schurmannen wiene begoedige aadlike Antwerpske flechtlings, dy’t nei de fal fan Antwerpen yn 1585 úteinlik yn Utert bedarren. Dêrnei, yn 1623, ferfear Anna Maria har heit mei syn húshâlding nei Frjentsjer om dêr kolleezjes te folgjen fan de puriteinske Ingelske professor William Ames. Nei syn dea gie de widdo mei har bern yn 1626 werom nei Utert. Yn Utert makke Anna Maria har in namme. Hja wie in wûnderbern dat al yn har jonge jierren profitearje koe fan it ûnderwiis oan hûs, dat benammen foar har bruorren ornearre wie. Sa learde hja Gryksk en Latyn en sels Hebrieusk, Galdeesk, Syrysk, Etiopysk en Arabysk. Ek ûntjoech hja har ta in kundich (portret)keunstneres. Anna Maria kaam yn de kunde mei gelearden en skriuwers út hiele Europa wei. Hja priizgen yn alle talen har erudysje en keunstsinnigens. Yn 1638 skreau hja in boek oer de gaadlikens fan de frou foar de wittenskip. It is tekenjend dat hja wittenskiplike kennis seach as is ynstrumint om de bibel mei te bestudearjen. As iennige frou yn Nederlân krige hja tastimming om – fan efter in gerdyntsje wei! – de kolleezjes fan Gysbert Voetius mei te meitsjen. Mei dy ortodokse teolooch, buorman en freon, mar ek mei in soad oare gelearden, skriuwers en hegerein fan ferskate Europeeske hôven – manlju likegoed as froulju – diskusjearre Anna Maria van Schurman oer wittenskip en filosofy, oer de útlis fan de bibel, oer it wiere leauwe, en oer de situaasje fan de tsjerke. Voetius en in protte fan de lju om him hinne wiene oanhingers en gongmakkers fan de Fierdere Reformaasje, in beweging dy’t fan de ein fan de sechstjinde ieu ôf rûnom yn Europa oprôp ta gruttere frommens en ta in nauwere bân tusken libben en leare. Ek by Anna Maria van Schurman bestie dat ferlet fan suverjen. Troch har broer Johan Godschalk kaam hja yn de kunde mei Jean de Labadie, in Geneefsk predikant fan deselde rjochting. Hja rekke sa yn de besnijing fan dy syn ideeën oer it suverjen fan it leauwe en it mijen fan de wrâld dat hja har by him oansleat, doe’t De Labadie yn 1669 út de tsjerke stapte. Hja swarde alle leardens, alle kontakten en al it ierdsk besit ôf om har te wijen oan in libben foar God. Nei in swalkerstocht troch Dútslân fêstigen de labadisten har yn 1675 yn Wiuwert. Hja belutsen de Waltastins fan de frellen Van Aerssen van Sommelsdijk en rjochten dêromhinne ûnderkommens yn foar de al mar oanwinnende leauwensmienskip. Der wiene mear wittenskippers en keunstners lid fan – wat neamd waard – it ‘húsgesin’, lykas de ferneamde dokter Hendrik van Deventer en de skilderes Maria Sibylla Merian. De leden fan de sekte foarseagen yn har deistich ferlet troch it bewurkjen fan it lân, it bakken fan bôle en it spinnen fan wol. Harren komst nei Wiuwert joech frijwat opskuor. De Fryske synoade besocht om harren út Fryslân weigean te litten. Underwilens krigen hja in soad belangstelling. Lju út binnen- en bûtenlân, somtiden ek ferneamde lju lykas de Ingelske filosoof John Locke, kamen nei Wiuwert ta om de preken by te wenjen. It tal leden woeks oant sawat fjouwerhûndert. Anna Maria van Schurman is yn Wiuwert weirekke, in pear jier ear’t de sekte útinoar spatte soe. Hja wie en is in toanbyld fan hoe’t wittenskip, leauwe en froulikens yn it ferline yn in folslein oare ferhâlding ta inoar stiene as hjoed de dei.

Download de Flash player om de video te bekijken.
Jo moatte earst oanmelde foardat jo dit item tafoegje kinne oan jo favoriten.

literatuer
Marjan Brouwer, Vrouw van de wereld: het leven
van Anna Maria van Schurman (Frjentsjer 2007).
Mirjam de Baar, Schurman, Anna Maria van, yn:
Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland. URL:
http://www.inghist.nl/Onderzoek/Projecten/DVN/lemmata/data/Schurman

M. de Baar e.o. (red.), Anna Maria van Schurman
(1607-1678). Een uitzonderlijk geleerde vrouw
(Zutphen 1992).

fertakkingen
primêr ûnderwiis
Ferhaal A.M. van Schurman nei Wiuwert
Talen

fuortset ûnderwiis
Frouljusemansipaasje
Ketters en sektes
Mummy’s


ferwizingen

der op út

Museum Martena Frjentsjer
Martinitsjerke (grêf heit Van Schurman)
Wiuwert

yn de skatkiste

Kopy knipsel portretsje

doe en no

‘popstjerrestatus’
Emansipaasje fan groepen
Sekten hjoed de dei