Gysbert Japix
Sljocht en rjocht
1603-1666
De man dy’t it fûnemint lein hat ûnder de Fryske literatuer, dat is Gysbert Japix, in Fryske dichter út Boalsert. Syn wurk wurdt noch hieltyd lêzen. Gysbert Japix wie de earste dy’t serieuze Fryske literatuer skreau.
Yn de midsieuwen wie it Frysk wol brûkt om de Fryske wetten yn op te skriuwen, mar dat wie yn de 17e ieu al net mear sa. It Nederlânsk wie de offisjele taal fan it bestjoer. Mar Gysbert die it dus oars en sa lei er mei de basis foar de Fryske skriuwtaal.
lês mear»