De universiteit yn Frjentsjer
Transformatorhúske fan leardens
1595-1843
Yn Frjentsjer hat ieuwenlang in universiteit stien; oprjochte troch it gewest Fryslân sels. Nei Leiden wie dit de twadde universiteit yn de Republyk. Yn de 17e en 18e ieu wie it ien fan de belangrykste ynstellingen fan Fryslân. De universiteit wie in ynternasjonaal sintrum fan wittenskip, mar wie ek foar de rest fan de provinsje fan belang. Troch de universiteit koenen kennis en ynsichten fan wittenskippers trochjûn wurde oan de minsken. De Frjentsjerter universiteit hat foaral yn de 17e ieu in bloeitiid trochmakke. Dêrnei gie it stadichoan minder mei it ynstitút.
lês mear»