Wetter
Swiet en sâlt, freon en fijân
600 foar Kristus – no
Fryslân hat net allinnich altyd striid tsjin it wetter fiere moatten, mar ek striid op it wetter. De Friezen hawwe sûnt 1597 ieuwenlang in eigen admiraliteit hân, in marine. Dizze float lei earst yn Dokkum en ferhuze letter nei Harns. De admiraliteit wie in soarte fan dûane, mar ek in heuse lytse oarlochsfloat. Lykwols, de grutste fijân fan Fryslân wie meastal it wetter sels. Altyd wer drigen der oerstreamings. Mar yn de 16e ieu begûnen de Friezen ek hieltyd mear de foardielen fan it wetter te sjen. Fearten en kanalen waarden groeven, en dêrtroch koenen de alve stêden har ûntwikkelje.
lês mear»