De Fryske frijheid
Leaver dea as slaaf!
1250-1498
Leaver dea as slaaf! De kreet ferwiist nei de tiid fan de Fryske frijheid, en stiet model foar de typysk Fryske kultuer oan de ein fan de Midsieuwen. De politike struktuer yn Fryslân wie doe nammentlik oars as op oare plakken. Der wie gjin sintraal gesach lykas yn de lannen om ús hinne, en in elite fan hege adel wie der ek al net. De macht hjir wie yn hannen fan haadlingen -‘hoofdelingen’-. Dat wienen pleatselike lieders dy’t wennen yn sterke stinzen en dy’t eigen, lytse legerkes hienen. Har macht rikte faak net fierder as in lytse regio om it eigen wenplak hinne.
lês mear»