Artikel Foto

Fryslân as kleasterlân

De gloarje fan de kleasters

1100-1580

De opkomst fan kleasters hat yn Fryslân lang op him wachtsje litten. De reden dêrfan is dat de Friezen har nei de kerstening earst alhiel op grutte bûtenlânske kleasters rjochte ha, lykas dy fan Fulda, Echternach en Werden. Yn de tolfde ieu begûn yn dy sitewaasje lykwols feroaring te kommen. Fryslân groeide doe sels út ta in kleasterlân by útstek. De funksje fan kleasters wie yn Fryslân, krekt as oeral, earst en meast religieus. Sa stjoerden de muontsen alle dagen wer har gebeden op nei de himel foar it sieleheil fan harsels en har begeunstigers. Krekt it feilichstellen fan har eigen sieleheil wie foar gâns begoedige lju oanlieding om lân oan kleasters ôf te stean. Yn totaal soe sa likernôch 20 % fan de Fryske grûn yn kleasterbesit komme. Om’t Fryslân navenant ryk wie, koene der ek safolle kleasters stifte wurde. Benammen twa fan de âldste kleasters yn Fryslân binne fan grutte betsjutting wurden: Klaarkamp (by Rinsumageast) en Mariëngaarde (by Hallum). Fan lêstneamd kleaster is in kronyk bewarre bleaun, dêr’t de libbens fan de earste abten yn beskreaun wurde. Klaarkamp en Mariëngaarde hearre ta twa rivalisearjende oarders, dy’t beide yn de tolfde ieu noch nij wiene: de sistersjinzers (ek wol ‘skiere muontsen’ neamd) en de premonstratinzers. Benammen dy beide oarders ha in stimpel set op it Fryske kleasterlânskip. Dat jildt ek foar de Grinzer Ommelannen, dêr’t it grutste en machtichste kleaster fan alle Fryske lannen ferriisde: de Bernardusabdij fan Aduard, in dochterkleaster fan Klaarkamp. Typearjend foar de sistersjinzers en premonstratinzers is de oanwêzigens – neist de kleasterbruorren – fan likebruorren. Dizze ‘wurkmuontsen’ makken it mooglik dat de kleasters dy’t ta dy beide oarders hearden, ek sintra fan ekonomyske aktiviteit waarden. Sa eksploitearren se grutte lânboubedriuwen (‘úthôven’). Dêrnjonken bemuoiden de sistersjinzer- en premonstratinzer kleasters har yntinsyf mei saken as turfwinning en hannel. It kleaster Klaarkamp hie in feanmaster, sels ek in likebroer, yn tsjinst, dy’t op ’e Skierstins yn Feanwâlden wenne. Datselde kleaster hie ek eigen hannelsskippen yn ’e feart, dy’t oant yn Hamburg kamen. Ek mei bediking en it oanlizzen en ûnderhâlden fan wetterwegen, silen en brêgen hâlden ûnderskate kleasters har dwaande. Fansels wiene de Fryske kleasters ek kultuerdragers. De muontsen diene net allinnich oan bidden, sjongen en meditearjen, mar hâlden har ek dwaande mei lêzen en skriuwen. Under har wiene gelearde lju, dy’t oan bûtenlânske universiteiten studearre hiene. Der binne spitigernôch net safolle hânskriften út Fryske kleasters bewarre bleaun. Allinnich út it kleaster Thabor (by Snits) binne frijwat skriuwprodukten oerlevere. Krekt dàt kleaster is trouwens let stifte (yn 1406), opfallend genôch troch ien fan de seldsume Fryske ridders: Renick Bockema. Yn de begjintiid fan de Fryske frijheid spilen de abten fan de grutte kleasters, dy’t sels yn ’e regel út foaroansteande Fryske famyljes stamden, in stabilisearjende rol as fredestifters. Dat rûn lykwols net altiten goed ôf. Sa waard abt Eelco Liauckama fan it kleaster Lidlum by Tsjommearum yn 1322 troch de likebruorren fan syn eigen kleaster deaslein. Dat wie de ynset fan in him stadichoan trochsettend prestiizjeferlies fan de kleasters. It grutte ferfal sette yn mei it opkommen fan de Reformaasje nei 1520. De ein kaam yn 1580, doe’t yn Fryslân de macht oernommen waard troch de kalvinisten. Alle kleasters waarden doe by beslút fan de Steaten opheft. Troch konfiskaasje fan it tige omfangrike lânbesit fan de kleasters waard de provinsje yn ien slach ryk. De kleasterkompleksen waarden hast allegearre al koart nei 1580 ôfbrutsen. Dêrtroch is der no sa goed as neat mear werom te finen fan de âlde gloarje fan de Fryske kleasters.

Download de Flash player om de video te bekijken.
Jo moatte earst oanmelde foardat jo dit item tafoegje kinne oan jo favoriten.
literatuer
H.Th.M., Lambooij, Sibrandus Leo
en zijn abtenkronieken van de Friese
premonstratenzerkloosters Lidlum en Mariëngaarde
(Hilversum 2008).
J.A. Mol, ‘Bemiddelaars van het hiernamaals.
Kloosterlingen in Middeleeuws Frisia’, in: E. Knol
e.a. (red.), Hel en hemel. De middeleeuwen in
het Noorden (Grins 2001) 152-164 (mei in protte
literatuerferwizings).
H.Th.M. Lambooij en J.A. Mol, Vitae abbatum Orti
Sancte Marie. Vijf abtenlevens van het klooster
Mariëngaarde in Friesland (Hilversum 2001).
A.B. Mulder-Bakker, ‘De vrede van de abten’, in:
D.E.H. de Boer e.a. (red.), Het Noorden in het
midden (Assen 1998) 3-17.

fertakkingen


primêr ûnderwiis

Libben yn in kleaster
Tsjerkebou
Lânwurk
Mariëngaarde
1580 Reformaasje
fuortset ûnderwiis
Hilligenlibbens
Kleasterbruorren – likebruorren
Thabor en Rienck Bockema
Wetterhúshâlding

ferwizingen


der op út
Romaanske tsjerken yn de buert
Nammen ôfkomstich fan kleasters: Kleaster Lidlum
byg.
Karmelkleaster Drachten
Gerkeskleaster (brouhûs is no tsjerke!)
Grutte Tsjerke Ljouwert
Broertsjerke Boalsert
Skierstins Feanwâlden
Aduard (museum)
Tresoar Ljouwert (getijdenboek Thabor)

yn de skatkiste
Perkamint mei stikje âld hânskrift

jeugdboeken

Binne R. Veltman, De heremiet: een prior op
nonnenroof (Zutphen 1978).
Willem Tjerkstra, De wite kastanje (Boalsert 1986).

doe en no

Toponimen mei kleaster
De ferhâlding religy-wittenskip

links
School tv voortgezet onderwijs