Artikel Foto

Skippers en keaplju

De bloeitiid fan de hannel

450-1200
Der hat in tiid west dat Fryslân útblonk yn hannel en reizgjen. Rûnom op it kontinint wienen de Friezen ferneamd as bêste skippers en keaplju. Friezen behearsken de hannel in Noardwest-Europa. De Noardsee waard sels wol oantsjut as ‘Mare Fricisum’, de Fryske see. Dat wie yn de perioade tusken ûngefear 450 en 900 nei Kristus. Op ferskillende plakken yn Europa ûntstienen Fryske hannelsposten en lytse koloanjes. It sintrum wie lykwols Doarestêd, dat útgroeide ta de belangrykste stêd fan de Fryske ekonomy. Mar yn de njoggende ieu ferlearen de Fryske hannelers har liedende posysje.
 lês mear»
Download de Flash player om de video te bekijken.