Tsjin 450 hiene de Romeinen har weromlutsen achter de Alpen. Dêrmei rekken de lânwegen, dy’t benammen foar en troch it Romeinske leger yn stân holden wiene, yn ferfal. Allinne oer it wetter koene no noch langere (hannels)reizen makke wurde. De Friezen út it wetterrike terpelân sprongen yn dat gat en fearen mei har skipkes oer de Noard- en de Eastsee en ek de Ryn op om hannel te driuwen. Dêrby gie it om produkten as slaven, pelzen, barnstien, wollen stof (de ‘Fryske lekkens’ wiene ferneamd), glêswurk, mûnestiennen, ierdewurk en sâlt. De ladingen wiene mar lyts, 10-20 ton, en in reis duorre faak wiken, dat dêrom koe allinne de hannel mei djoer guod út. It sil meast ruilhannel west ha, mar út muntfynsten op omtrint alle plakken dêr’t de Fryske keaplju kamen, blykt dat der ek mei gouden en benammen sulveren munten betelle waard. Op it plak dêr’t de Ryn him yn twa earms splitste, ûntwikkele him de wichtichste útfalsbasis fan de Fryske keaplju: Doarestêd. Dat lei yn in gebiet dat doedestiids wol oantsjut waard as citerior Fresia. De befolking dêrfan sil earder Frankysk as Frysk west ha. Polityk besjoen wie it ôfwikseljend yn Frankysk en Frysk besit om yn 719 definityf yn Frankyske hannen te reitsjen. De ‘Fryske’ keaplju en skippers sille dan ek wol net allegearre ‘etnyske’ Friezen west ha. Under Karel de Grutte is hiel it Fryske gebiet oan de Wezer ta Frankysk wurden. Krekt yn dy tiid berikte de Fryske hannel syn grutste bloei en waard Doarestêd almar grutter. Nei Karel de Grutte syn dea (814) krige de hannel lykwols lêst fan de ynfallen fan de Noarmannen. Benammen Doarestêd waard kear op kear plondere en platbaarnd. Doe’t dat yn 863 ek wer bard wie, waard it net wer opboud. Op ferskillende plakken bylâns har hannelsrûtes ha Fryske keaplju har nei wenjen set. Yn guon gefallen ûntstie dan sels in Fryske ‘koloanje’. Dat wie it gefal yn York (Noard-Ingelân), Haithabu (Sleeswyk), Birka (Sweden) en by de Ryn lâns yn Duisburg, Keulen, Mainz en Worms. Dat de Fryske keaplju goede seefarders wiene, blykt wol út it feit dat kening Alfred fan Wessex (Ingelân) de float dy’t er yn 896 tsjin de Noarmannen útstjoerde, foar it grutste part opsette liet troch Friezen. Ut alderhanne teksten út dy tiid, bygelyks oer tolheffing op ’e Ryn, blykt it wurd ‘Fries’ omtrint itselde te betsjutten as keapman, hannelsman fan om fierrens. Men kin dêrom wol sizze dat de Fryske keapman in skoftlang it prototype west hat fan de keapman op ’e lange ôfstân. Nei 863 hat it swiertepunt fan de hannel him stadichoan nei de it easten ferpleatst. Ek doe, en dan benammen yn de earste ieuwen fan it nije millennium, farden de Fryske skippen noch op it Eastseegebiet en oer rivieren as de Dnjepr oant fier yn Ruslân. Rûnom yn dat gebiet binne munten fûn dy’t yn Fryske stêden slein wiene. Benammen Starum, dat as earste Fryske stêd stedsrjocht krige, hat doe in tiid fan grutte bloei kend. In pear ieuwen letter, fan de trettjinde ieu ôf, is de Europeeske hannel yn it Noard- en Eastseegebiet en ek yn it binnenlân in saak wurden fan de Hanze, in netwurk fan mei-inoar gearwurkjende hannelsstêden, dat syn swiertepunt yn Noard-Dútslân hie en by de Isel lâns. Ut Fryslân hearde allinnich Starum dêrby, al presintearre ek Boalsert him graach as Hanzestêd. Dochs wie doe de tiid dat de Fryske keapman de Europeeske keapman by útstek wie, al foargoed foarby.
literatuer
Stéphane Lebecq, Fryske keaplju en seefarders fan
de iere midsieuwen (Ljouwert 1994).
fertakkingen
primêr ûnderwiis
Skipfeart: sile of lûke, slaven
Noarmannen
Bloei Doarestêd
Hannelsrûtes
fuortset ûnderwiis
Hannel en skipfeart doe, beskerming fan hilligen
Slaven
Histoaryske ûndersyksmetoaden: C14 en
dendrogronology
Fryske ‘koloanjes’ / hannelsnedersettings/
hannelsrûtes
ferwizingen
der op út
Skipswerf Warkum
Fries Museum Ljouwert
Kofskip Kampen
yn de skatkiste
Munt mei skip
jeugdboeken
Akky van der Veer, Kuneara (Ljouwert 2000).
Tonny Vos-Dahmen von Buchholz, De Wiking van
Walacra (Hoorn 1979).
doe en no
Fryske rederijen
Histoaryske ûndersyksmetoaden: C14 en
dendrogronology