Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 39

Yndustrialisaasje

Swiertepunt ferskoot nei de Wâlden 1949

"Fryslân wurdt noch altyd sjoen as in lânbouprovinsje, omdat hjir mear as yn oare gebieten boerebedriuwen stean. Mar yntusken wurket noch mar in hiel lyts part fan alle Friezen yn de lânbou. Sûnt healwei de tweintichste ieu binne de measte banen te finen yn oare bedriuwstakken. Ien fan de earste echt grutte bedriuwen dy’t yn Fryslân kamen, wie Philips yn Drachten. De komst fan it skearapparatefabryk hat ôfgryslik belangryk west foar it easten fan de provinsje. Hûnderten minsken út de Wâlden koenen hjir oan it wurk. Dat luts wer oare minsken en bedriuwen oan, en sa ûntwikkele dizze streek him yn koarte tiid fan in achterbleaun gebiet ta ien fan de sterkste ekonoamyske motors fan Fryslân."

Agraryske sektor
Fryslân is yn noch gjin ieu tiid feroare fan in gewest dat foar it grutste part agrarysk wie yn in regio dêr’t noch mar in hiele lytse minderheid syn bestean yn de lânbou fynt. Yn 1920 wurke sawat 44% fan de Fryske beropsbefolking yn de agraryske sektor, yn 1995 noch mar sa’n 7%. Tagelyk mei dy ûntjouwing is it demografysk swiertepunt fan de provinsje ferskood fan it westen nei it easten. De Bouhoeke, de Lege Midden en de Greidhoeke hiene oan de ein fan de ieu minder wurkgelegenheid as yn 1930. Dêrfoaroer waard de Wâldhoeke as wen- en wurkgebiet fan hieltyd mear belang.

Eksport
It sterk agraryske Fryslân fan foar de Twadde Wrâldoarloch libbe ekonomysk sjoen net yn in isolemint. It makke diel út fan de modern-yndustriële wrâld. Der wie, ferspraat oer in grut tal plakken, ek wol frijwat lytse yndustry. De feehâlderij wie hast hielendal op eksport rjochte. Dochs state de agraryske sektor hieltyd mear minsken ôf. Dat hie benammen te krijen mei ekonomyske tebeksetters, lykas de krisis yn de jierren 1929-1940, mar ek mei konkurrinsje fan effisjinter produsearjende boeren yn Kanada, de Feriene Steaten, Australië en Nij-Seelân.

Economisch-Technologisch Instituut voor Friesland
De provinsjale en gemeentlike oerheden yn Fryslân hiene foar de oarloch gjin omtinken foar yndustrialisaasje as middel ta ferbettering fan de wurkgelegenheid. Miskien hie dat te krijen mei in anty-yndustriële mentaliteit yn dy rûnten. It regear yn Den Haach rûn der likemin waarm foar. Yn rûnten fan de sosjalistyske SDAP en it fakbûn NVV lykwols waard der oars oer tocht. Yn har Plan van de Arbeid fan 1935 giene sy yn ’e pleit foar yndustrialisaasje. Ek wiene der ein jierren tritich inisjativen yn Limburch en Noard-Hollân om te kommen ta it oprjochtsjen fan in eigen provinsjaal ekonomysk-technologysk ynstitút. Pas fuort nei de oarloch waard ek yn Fryslân sa’n ûndersyksynstelling iepene: it Economisch-Technologisch Instituut voor Friesland (ETIF). Dêrnei kaam yn Fryslân ek in bewuste yndustrialisaasjepolityk fan de grûn.

Philips
Troch in sterke groei fan de suvelproduksje en fan de fiedings- en genietmiddelsyndustry naam tusken 1947 en 1953 de agraryske wurkgelegenheid earst noch ta. Mar dat wie tydlik. De hieltyd sterker trochsettende rasjonalisaasje en meganisaasje fan it boerebedriuw late yn heech tempo ta it ôfstjitten fan arbeidskrêften. Dy koene ynearsten foar in flink part yn de yndustry teplak. Dat betsjutte foar in soad lytse boeren en arbeiders (manlju en froulju) út de doarpen in enoarme mentale omskeakeling. Yn har earmoed wiene sy dochs in protte frijheid wend, dy’t se no kwytrekken.

Stêdsgroei
De omskeakeling fan lânbou nei yndustry lei yn de jierren fyftich. Belangryk wie benammen de grutskalige yndustrialisaasje fan de Wâlden dêr’t doe in begjin mei makke waard. Sintraal yn dy ûntjouwing stie Drachten, dêr’t yn 1949 de earste stien lein waard foar in montaazjewurkpleats fan Philips. Dy groeide út ta in folslein skearapparatefabryk en soks luts wer oare bedriuwen oan. Yn in fearnsieu tiid groeide Drachten út ta in plak mei 35.000 ynwenners, trije-en-in-heal kear safolle as yn 1950. Yn 1968 wurke omtrint de helte fan de Fryske yndustry-arbeiders yn Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean. De groei fan dy kearnen gyng op kosten fan de yndustry yn de lytse plakken.

Skaadkanten
Dy nije wurkgelegenheidsstruktuer hie ek syn skaadkanten. In flink part fan dy yndustry waard foarme troch arbeidsyntinsive en dêrtroch konjunktuergefoelige bedriuwen. Filiaalbedriuwen fan grutte konserns waarden yn tiden fan ekonomyske delgong ôfstjitten. De haadfêstigingen fan nije bedriuwen bleaunen meastentiids earne oars. By de nije wurkplakken gyng it foaral om leechbetelle wurk en dat hie in ûngeunstige útwurking op de ynkommensefterstân yn Fryslân.
De tsjinstesektor (fersekeringen, ûnderwiis, rekreaasje) hat troch it skeppen fan nije banen sûnder mis bydroegen ta in fuortsterking fan de Fryske ekonomy, mar koe de tebekgong oan wurk yn de lânbou en de yndustry net alhiel opfange. Dêrby koe fierderboud wurde op de wichtige posysje yn hannel en bankwêzen, dy’t Ljouwert al yn de foarste helte fan de ieu hie.

Der op út

Museum Joure richt zich op erfgoed, techniek, hedendaagse kunst en ambachtelijk ondernemen.  In het aanbod zit vaak een doe-element en wij trachten vooral het verleden met het heden en de toekomst te verbinden.

Kijk hier voor meer info.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Woudagemaal

Yn it Woudagemaal belibbet elkenien de sfear fan eartiids en de mooglikheden fan no. Mei help fan ymposante stoommasjines moatte de kandidaten soargje foar droege fuotten. Krije sy it oerstallige wetter út de Fryske boezem op tiid nei de Iselmar?

www.woudagemaal.nl

Aanvullend materiaal over venster 39

fertakkings

Primêr Underwiis:
Meganisaasje en skaalfergrutting yn de lânbou; Trek nei de stêd.

Fuortset Underwiis:
Yndustry - lytsskalich wurk; Tsjinstferlienende sektor; Rol fan de oerheid yn de wurkgelegenheid.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 6, Tijd van televisie en computer;
De Trek: groep 6, Nederland na de oorlog.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 2, 5.3 Smogalarm en ruimte gebrek;
Sporen Havo/VWO: deel 2, 6.1 De industriële revolutie;
Sfinx VMBO kgt: deel 1, 8.6 Fabriekswerk, hoe werkt dat?;
Sfinx Havo/VWO: deel 3, 7.1 Nederland op de drempel van een nieuwe tijd;
Sfinx Havo/VWO: deel 3, 7.5 Het hek is van de dam.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 39 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 3.

musea (der op út)

Museum Drachten - Drachten;
Fries Landbouw Museum - Earnewâld;
Museum Joure - Joure.

fideo's

literatuer

Friesland in beeld (Brinkman, 2008);
Modernisering en industrialisatie in Friesland (Hazelhoff et al., 1992);
Nederland industrialiseert! (De Liagre Böhl et al., 1981);
Wenjen en wurkjen yn Fryslân (Versloot, 1996);
Toeleverings- en afzetstructuur van de Friese economie (Vos, 1995).