Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 31

Titus Brandsma

In roomske Fries 1881-1942

"Libje as hoeder fan de minsken, stjerre as fersetsheld en dêrnei offisjeel sillich ferklearre wurde. Dat oerkaam Titus Brandsma, in priester út Boalsert dy’t foarnaam wurk die yn de katolike wrâld mar stoar yn in Dútsk konsintraasjekamp yn de Twadde Wrâldoarloch. Titus Brandsma waard yn 1985 troch de paus sillich ferklearre. Net allinnich troch de katoliken, mar ek troch minsken fan oare libbensoertsjûgings wurdt Brandsma bewûndere foar al it wurk dat hy die om minsken fan ferskillende rjochtingen mei inoar yn kontakt te bringen en sa in bydrage te leverjen oan in freedsume wrâld. It is dan ek wreed dat krekt hy troch ûnferdraachsumens om it libben kommen is."

Sillichferklearring
Paus Johannes Paulus II ferklearre Titus Brandsma yn 1985 sillich. De deis dêrnei spruts de paus de pylgers út binnen- en bûtenlân ta yn de San Michele dei Frisoni, tichte by it Fatikaan. Dy tsjerke, bekender as de ‘Friezetsjerke’, tsjinne yn de midsieuwen as ferbliuwplak foar pylgers út Fryslân wei en betsjinnet hjoed de dei benammen de Nederlânske mienskip yn Rome. It trefplak yn de tsjerke is nei Brandsma neamd. It leauwe en engaazjemint fan Brandsma wiene yn syn libben in grutte stimulâns foar tsjerklike en maatskiplike groepearrings yn en bûten Fryslân.

Libbensrin
Titus Brandsma waard yn 1881 yn Oegekleaster by Boalsert berne as Anno Sjoerd Brandsma. Doe’t er alve wie, gie er út Fryslân wei om yn Brabân oan in kleasterskoalle te gean. By syn yntree yn de oarder fan de Karmeliten yn 1898 naam er de namme Titus oan. Yn 1905 waard er ta pryster wijd, wêrnei’t er yn Rome in pear jier filosofy studearre oan de ferneamde Pontificia Università Gregoriana. Nei syn promoasje yn 1909 waard er heechlearaar oan it filosofysk kolleezje fan syn oarder te Oss en letter oan de katolike universiteit fan Nijmegen. Hy wie spesjalisearre yn de skiednis fan de mystyk.

Roomsk Frysk Boun
Doe’t er yn de ynternasjonale mienskip yn Rome tahâlde, waard Brandsma him al bewust fan de wearde fan de eigen taal – yn syn gefal it Frysk – foar de religieuze belibbing en foar in goed maatskiplik funksjonearjen. Fanút Brabân droech er út dat betinken wei sa goed mooglik by oan it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk en de Fryske roomske mienskip. Yn 1917 wie er ien fan de oprjochters fan it Roomsk Frysk Boun, dêr’t er sels ek de earste sekretaris fan wie. It Boun stribbe nei de erkenning fan it Frysk, ûnder oare troch te wurkjen oan de produksje fan Frysktalige ferhalen, lieten, devoasjeprintsjes en gebedeboeken. Brandsma publisearre sels geregeldwei yn it Frysk en gie by gelegenheid ek yn missen yn it Frysk foar.

Fryske Akademy
Brandsma hechte tige oan goed ûnderwiis en goede foarljochting en besocht om op it mêd fan ûndersyk, ûnderwiis en sjoernalistyk allerhanne krêften te bondeljen. Foar Fryslân sette er him yn as lid fan de Provinciale Onderwijsraad, gie er yn de pleit foar it stiftsjen fan in learstoel Fryske taal- en letterkunde (1933), stie er mei oan de basis fan de fakultative ynfiering fan it Frysk as fak op de legere skoallen (1937) en hie er in wichtich oanpart yn it oprjochtsjen fan de Fryske Akademy (1938). Ek wie er mei-oprjochter fan de feriening foar wittenskiplik ûndersyk nei de tsjerkeskiednis fan Fryslân, Frisia Catholica (1937).Brandsma syn earste aktiviteiten wiene in yntegraal ûnderdiel fan syn stribjen nei in wrâldomfiemjende maatskippij op praktysk-kristlike grûnslach. Oare inisjativen yn dat ljocht wiene syn bemuoienis mei it Esperanto en syn wurk foar it Apostolaat der Hereniging, in ynternasjonale organisaasje dy’t stribbe nei ienheid fan de kristenen. Dy en gâns oare funksjes brochten Brandsma yn kontakt mei minsken fan oer de hiele wrâld.

Oarlochsjierren
Yn de Twadde Wrâldoarloch liet Brandsma him yn wurd en skrift kenne as in útdruklik tsjinstanner fan it nasjonaal-sosjalisme en it antysemitisme. As lanlik adviseur fan de katolike deiblêdskriuwers kaam Brandsma yn de earste jierren fan de oarloch yn ’e pine te sitten. Yn oerlis mei de aartsbiskop stelde er in advys op oan de katolike deiblêden om beskate meidielings fan de Dútske oerheid net te pleatsen. Under syn omgong by de ferskate redakteuren del waard er arrestearre en finzen naam. Ut syn sel wei skreau er brieven en geskriften, dy’t nei syn dea yn Dachau yn 1942 earst temûk ferspraat en nei de befrijing publisearre waarden.

Betinking
Mei de jierren waard er as fersetsheld, as leauwend kristen, as katolyk en as Fries op ferskate plakken yn Nederlân en Europa betocht yn de foarm fan it oprjochtsjen fan ynstituten, musea en stanbylden, troch it publisearjen fan libbensbeskriuwings en, net yn it lêste plak, troch syn sillichferklearring.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu WO II

Dit finster slút oan by "Tweede Wereldoorlog: Bezetting en bevrijding" fan EnToen.nu

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 31

fertakkings

Primêr Underwiis:
Kleasteroarder; Titus Brandsma en de besetter; Sillichferklearring; Wat is in pryster?

Fuortset Underwiis:
Ynternasjonalisearring; Katoliken yn de Twadde Wrâldoarloch; Konsintraasjekamp Dachau; Ferpyldering; De rol fan Titus Brandsma yn en foar Fryslân.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 6, Tijd van de wereldoorlogen;
De Brandaan: groep 8, Tijd van de wereldoorlogen;
De Trek: groep 6, Nederland in de Tweede Wereldoorlog;
De Trek: groep 8, De twee wereldoorlogen.

Fuortset Underwiis:
Indigo Havo/VWO: deel 3, 3.2 Nederland in bezettingstijd.

musea (der op út)

In Katolike tsjerke yn de regio; Bonifatiuskapel (stânbyld) - Dokkum; Titus Brandsma Museum - Boalsert.

literatuer

Het leven van Titus Brandsma (Aukes, 1985); Een kruisweg voor Dokkum (Brandsma, 1992); Titus Brandsma (Crijnen, 2008); De weg van Titus Brandsma (Dölle, 2000); 'Als het goede maar gebeurt' (Hemels et al., 2008); Van Vitus tot Titus (De Jong et al., 2009); De kerk van de Friezen bij het graf van Petrus (Muskens, 1995); Titus Brandsma onder ons (Nota, 2003).