Fryske trou en Hollânske dukaten
Sicco van Goslinga wie Frysk ealman en diplomaat. Hy wie ien fan de wichtichste ûnderhannelers by de frede fan de Spaanske Suksesjeoarloch (1701-1713). In alliânsje fan de Republyk, Ingelân en it Hillige Roomske Ryk koe tefoaren komme dat Spanje en Frankryk tenei troch oerervjen mei-inoar ferbûn wêze soene. ‘Hoe kin in lytse naasje dochs sa’n kostbere oarloch salang folhâlde?’, frege de Frânske kening oan Goslinga, doe’t hja mei-inoar fûstken. ‘Mei Fryske trou en Hollânske dukaten kin men in hiel ein komme.’ It is de fraach oft it ferhaal wier is, mar dat sa’n anekdoate trochjûn wurdt, dat seit in soad oer it belang fan Sicco van Goslinga.
Ryk en foarnaam
Goslinga wie de soan fan in Frysk regint en boppedat wie er fan ’e adel. Dat bea mooglikheden. Op in state waard er berne en ferstoar er. Syn heit, jonker Johan van Goslinga, wie grytman fan Frjentsjerteradiel en syn mem, Fed Sophia van Cammingha, wie frijfrouwe fan It Amelân. Yn 1692 troude er sels ek mei in frou fan aadlik komôf: Johanetta Isaballa barones thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, erffrouwe fan It Amelân. Al op jonge jierren hearde jonker Sicco by de alderrykste Friezen.Lykas in soad jonges út sokke rûnten makke Sicco nei syn stúdzje yn Frjentsjer in stúdzjereis, in ‘grand tour’, nei Frankryk en Ingelân. Likemin wie it útsûnderlik – ek al wie er der tige betiid by – dat Sicco politike karriêre makke.
Grytman
Yn 1687 waard er beneamd ta kurator fan de Frjentsjerter universiteit en noch wer in jier letter folge er syn heit nei dy syn ferstjerren op as grytman. Fjirtich jier lang wie er dêrnei ien fan de meast foaroansteande reginten fan Fryslân. Alle jierren waard er troch syn gritenij keazen om in sit te nimmen yn de Fryske Steaten en geregeldwei beneamde dat kolleezje him ta lid fan Deputearre Steaten en ek as ôffurdige nei it oerkoepeljend bestjoer yn de Republyk, de Steaten-Generaal.
Ynvestearje foar kaaiposysje
De ferklearring foar dat sukses leit yn ’e reden dat Goslinga libbe yn in tiid dat de adel yn Fryslân noch de kearn útmakke fan in lytse rûnte fan Fryske reginten. De Fryske steategearkomste waard dominearre troch it plattelân en sawat twatredde part fan de tritich gritenijen yn de plattelânskertieren waard yn de desennia om 1700 hinne wer bestjoerd troch in aadlik grytman. Omreden fan polityk en dynastyk belang kochten en fermakken hja hieltiten wer harren stimdragende pleatsen. Troch doelbewust oankeapjen fan grûn en pleatsen hie Sicco van Goslinga sa ‘syn’ Frjentsjerteradiel op in sabeare-erflike wize oan syn famylje bûn. It polityk oerwicht dat er sa krige, smiet him in kaaiposysje op by de ferkiezings foar de wichtichste amten: dat fan grytman (foar it libben) en dat fan folmacht nei de Steaten (alle jierren). Om it safier te krijen moast Goslinga al fiks ynvestearje. Dat wie allegearre foar immen fan syn komôf dus net sa hiel bysûnder.
Fertrouweling fan Maria Louise van Hesen Kassel
Wol útsûnderlik wie Goslinga syn ynternasjonale oriïntaasje en karriêre, mei as hichtepunt syn oanwêzigens as diplomaat by de fredesûnderhannelings fan 1713. Mooglik hinget dat gear mei de treflike bannen dy’t er mei de Fryske steedhâlder ûnderhold. Beide profitearren dêrfan. Goslinga miende dat it de taak fan de steedhâlder wie om foar bestjoerlike ienriedigens te soargjen. Ut dat betinken wei advisearre er de Fryske steedhâlders en regintessen by de slepende kwestje fan de erfenis fan steedhâlder-kening Willem III en by harren besykjen om it steedhâlderskip yn oare gewesten fan de Republyk te bemasterjen. Benammen as fertrouweling fan regintesse Maria Louise van Hessel-Kassel kaam er op de foargrûn.Goslinga en syn frou krigen fiif dochters. Dêrmei stoar it geslacht Goslinga út. Ek datoangeande wie er in typysk represintant fan de adel; in protte aadlike famyljes stoaren nammentlik út. Goslingastate yn Doanjum is ferdwûn, lykas sa’n soad oare staten. Oan Sicco van Goslinga docht noch wol it prielgrêf yn de tsjerke fan Doanjum tinken, dat syn dochters nei syn dea meitsje lieten.