Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 25

Nei it 'lân fan dream en winsken'

Emigraasje nei de Feriene Steaten 1845-1914

"It lân fan dream en winsken. Foar in soad Friezen wie dat net har eigen heitelân, mar Amerika. Tusken 1880 en 1910 kearden mear as 20.000 minsken Fryslân de rêch ta en teagen nei it bûtenlân. Op syk nei in nije takomst emigrearden sy nei it nije Amerikaanske lân. Letter, nei de Twadde Wrâldoarloch, kaam der wer in grutte emigraasjegolf op gong. Doe foaral nei Kanada, Austraalje en Nij-Seelân. Yn de jierren tusken likernôch 1945 en 1960 pakten sa’n 18.000 Friezen har koffers en namen de boat nei in oar lân."

Yngripend ôfskied
De beslissing om te emigrearjen is foar in minske tige yngripend. Dat wie yn it ferline mear it gefal as hjoed de dei. Yn in tiid sûnder fleantugen en ynternet wie it beslút om yn in oar wrâlddiel jins kâns te weagjen in stap dy’t sa goed as definityf wie. Emigranten hopen op in better libben, mar hiene tagelyk foar it ferstân dat de eigen woartels trochsnien waarden. ‘Terpen, marren, bosken, lânnen/Tsjûgen fen myn libbenswei!/’k Moat ferbrekke sterke bânnen,’t Skip leit klear en ik moat mei’, skreau in anonym Frysk emigrant by syn ôfskied yn 1889 yn de Burgumer Courant.

Grutte lânboukrisis
Fryslân wie binnen Nederlân yn dy tiid by útstek in emigraasjeprovinsje. Yn de rin fan de njoggentjinde ieu waard de provinsje hieltiten mear ôfhinklik fan de lânbou. De grutte lânboukrisis dy’t yn 1878 begûn, hie dêrom nammerste gruttere gefolgen. Dy late fuortdaalk ta hege wurkleazens en sadwaande wer ta grutte earmoede en maatskiplike ellinde. Fryslân wie dêrom in ekspulsjegebiet. De lju teagen fuort nei gebieten dêr’t hja mienden bettere kânsen te krijen, yn it binnenlân en yn it bûtenlân.

Befolkingsoanwaaks
Al fan de jierren 1850 ôf wiene der Friezen nei Amearika emigrearre, somtiden út ekonomyske, mar ek út politike of religieuze motiven. Hja waarden de foarboaden fan de enoarme stream fan emigranten dy’t tusken 1880 en 1914 út Fryslân wei nei de Feriene Steaten teagen. Mear as 20.000 Friezen ferlieten har heitelân. De befolkingsoanwaaks wie yn Fryslân ynienen in ein leger as yn de rest fan Nederlân. De emigranten kamen benammen út de lânbougebieten yn it noarden fan Fryslân, fan âlds it meast tichtbefolke en rykste part fan Fryslân.

Lekker makke foar de oerstap
De hopeleaze tastannen yn Fryslân stiene yn skril kontrast ta de foarútsjoggen dy’t de minsken foarspegele waarden oer it ‘lân fan dream en winsken’ oare kant de oseaan. Troch brieven fan famylje dy’t al earder emigrearre wie – hja bearden wakker fan de grouwélige poarsjes fleis dy’t hja yn Amearika te iten krigen – en ek troch de kommersjele ynstellings dy’t jild fertsjinnen oan de emigraasje, waarden de minsken lekker makke.

Frysk-Hollânske mienskippen
De measte Friezen teagen yn famyljeferbân en somtiden yn hiele kloften nei de lânbougebieten yn de Midwest fan de Feriene Steaten. Gauris reizgen hja nei plakken dêr’t al famylje delstrutsen wie; kettingmigraasje hjit dat ferskynsel. Dêr libben hja yn min ofte mear Frysk-Hollânske mienskippen en dêr fûnen hja wurk, út en troch yn de yndustry, mar benammen yn de lânbou. It slagge in protte emigrearre boere-arbeiders om nei ferrin fan tiid mei in eigen buorkerij út ein te setten of in eigen, gauris oan de lânbou relatearre bedriuw op te setten.

Eigen identiteit
De materiële ferbettering wie winst, mar dêr stiene ek ferliesposten foaroer. De emigranten hiene it dreech mei de frije en saaklike Amerikaanske kultuer. Dat hja besochten dêrnjonken in eigen identiteit yn stân te hâlden. Dat diene hja yn tsjerken – in soad emigranten wiene o sa tsjerksk – mar gauris ek yn Fryske ferienings. Sa rjochten hja ôfdielings fan it Frysk Selskip op, liezen hja Fryske literatuer of diene hja oan Fryske sporten, lykas keatsen.

‘Roots’
Nei trije generaasjes binne dy Friezen yn Amearika assimilearre. Hja prate net mear it knoffelige Ingelsk fan harren pakes en beppes en binne fertroud rekke mei de frije egalitêre en oerflakkige Amerikaanske kultuer. Mar dat mannich Fryske Amerikaan noch altiten oan syn ‘roots’ hinget, liet de suksesfolle manifestaasje Simmer 2000 sjen. Doe kamen der op útnoeging tûzenen bern en bernsbern fan emigranten nei Fryslân ta om dêr de doarpen en buorskippen op te sykjen dêr’t harren foarfaars lang lyn út wei tein wiene.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 25

fertakkings

Primêr Underwiis:
Libbensomstannichheden fan arbeiders rond 1900 hinne; Wêr geane minsken wei? Flechtlings; Amearika: 'lân fan dream en winsken'.

Fuortset Underwiis:
Flechtlings: polityk en ekonomysk; Koloanjes mei emigranten: New York, Kaapstad, Suriname, Batavia; Flechtelingestreamen oer de wrâld.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 2, 4.1 Nieuwe wereldmachten;
Indigo Havo/VWO: deel 2, 6.3 De Amerikaanse droom;
Sprekend verleden Havo/VWO: deel 2, 6.1;
Memo Havo/VWO: deel 2, 6.1 Naar het land van droom en wensen;
Sfinx VMBO kgt: deel 2, 5.3 De Verenigde Staten, het volk aan de macht;
Sfinx Havo/VWO: deel 2, 3.8 Een smeltkroes van culturen.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 25 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 2.

musea (der op út)

Tresoar - Ljouwert.

fideo's

Nei it lân fan dream en winsken, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 13, diel 1, Tsjek tv, Omrop Fryslân);

literatuer

Friezen yn 'e frjemdte. In skiednis fan Friezen om utens. (Weijer et al., 2011)
Nederlanders in Amerika (Andries et al., 1996);
Smûk skaadzjend beamtegrien (Beetstra, 2001);
Vrouwen in den vreemde (Dassen et al., 1993);
Frisians to America (Galema, 1996);
Vrijheid in het verschiet (Krabbendam, 2006);
It wrede paradys (Speerstra, 1999);
De treastfûgel (Speerstra, 2011).