Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 34

Kneppelfreed

Taalstriid mei wapenstôk en wetterkanon 1951

"Mei kneppels en wetterkanonnen reage de plysje in grutte groep Friezen fan it Saailân ôf, op freed 16 novimber 1951. Dochs wurdt dizze ‘Kneppelfreed’ net sjoen as in treurige dei, mar as in belangrike trochbraak yn de striid om gelikense rjochten foar it Frysk. Yn dy tiid wie de status fan de Fryske taal noch slim ûndergeskikt oan it Nederlânsk. By offisjele ynstânsjes, lykas by oerheid, plysje of rjochtbank, mocht it Frysk net sprutsen wurde. En op fierút de measte skoallen wie it Nederlânsk de ienige taal dy’t leard waard. Dit sinnige in soad minsken net, en sy makken har, oant foar de rjochter ta, sterk foar har eigen taal. It djiptepunt yn dizze striid, Kneppelfreed, wie tagelyk it hichtepunt: fan no ôf waard de posysje fan it Frysk folle better regele."

Wapenstôk en wetterkanon
Op freed 16 novimber 1951 stiene twa Fryske sjoernalisten foar de Ljouwerter polysjerjochter. It wiene Fedde Schurer, haadredakteur fan de op It Hearrenfean ferskinende Heerenveense Koerier, en Tsjebbe de Jong, redakteur fan it Bolswards Nieuwsblad. Beide sjoernalisten hiene yn har kranten de kantonrjochter fan It Hearrenfean mr. S.R. Wolthers misledige en dat wie omdat Wolthers yn syn rjochtseal in fertochte dy’t Frysk prate de gek oanstutsen hie. De dei fan de rjochtsaak libbet oant hjoed de dei fierder ûnder de namme ‘Kneppelfreed’. Der wie dy deis nochal wat folk op de saak ôfkommen en de Ljouwerter polysje dreau mei wapenstôk en wetterkanon dat publyk – dat foar it gerjochtsgebou op it Saailân gearklofte – útelkoar. Kneppelfreed wurdt wol beskôge as ien fan de earste neioarlochske rellen en as in foarboade fan de jierren sechtich. Foar de emansipaasje fan it Frysk hat dizze dei in soad bestjut.

Anty-Frysk
Mr. Wolthers lei al net op sa’n bêste namme. Hy hie earder al inkelde Fryskpratende molktapers út Aldeboarn dy’t molkbussen mei Frysktalige opskriften op har karre set hiene, frijwat ûnfatsoenlik behannele. Doe’t Schurer him yn de Koerier fergelike mei de leden fan in rôversbinde dy’t yn it begjin fan de sechstjinde ieu Fryslân teistere hie, tsjinne net Wolthers, mar de offisier fan justysje yn Ljouwert, mr. F. Hollander, in klacht yn. By it justysjele apparaat yn Ljouwert bestie in frijwat anty-Fryske ynstelling. Guon juristen hienen dêr earder ek al yn it iepenbier bliken fan jûn. Schurer woe no mei de saak berikke dat de taalbarriêre as in sosjale skieding trochbrutsen waard. Guon lju yn hege posysjes woene dy krekt hanthavenje.

Bloeitiid Fryske Beweging
Kneppelfreed past yn hoe’t de maatskippij him nei de oarloch ûntwikkele. Troch de oarloch en de besetting wiene de Friezen mear behelle rekke by de nasjonaal-Nederlânske mienskip. Dat betsjutte lykwols ek dat der foar nei de oarloch hegere ferwachtings ûntstien wiene. Tagelyk krige troch dyselde oarloch ek de Fryske Beweging folle mear oanhing. Dat in tal net ûnbelangrike foarmannen gearwurke hie mei de Dútske besetter, bleau yn dit opsicht sûnder grutte gefolgen. De Beweging as gehiel hie him, sa wie it betinken, net kompromitearre. Efterôf besjoen kin sein wurde dat de Beweging yn it earste desennium nei de befrijing syn grutste bloeitiid belibbe hat. Sa waard yn 1946 it taboe op it Frysk sprekken yn de Steaten trochbrutsen en kamen der Frysksinnigen op wichtige posysjes yn bestjoer en parse.

Ferbettering rjochtsposysje
It gefoel fan selsstannigens die ûnder mear bliken út it troch de hiele Steaten oannommen Desintralisaasjerapport fan begjin 1951. Dêr stiene winsken oangeande ûnderwiis en kultuer yn dy’t hjoed de dei noch altiten net hielendal ta stân brocht binne. It like der yn de simmer fan 1951 alhiel net op dat der fan ferfolling fan dy winsken ek mar in grevel op ’e hispel komme soe. Mei tanksij Kneppelfreed kaam it dan dochs úteinlik ta in bettere rjochtsposysje fan de Fryske taal. Yn 1955 wurde twatalige skoallen tastien en fan 1956 ôf mei der yn de rjochtseal Frysk brûkt wurde. Mr. Hollander waard oerpleatst.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 34

fertakkings

Primêr Underwiis:
Taalstriid, wat is dat? Emansipaasje, wat is dat?

Fuortset Underwiis:
Taalstriid België; Rjochten fan minderheden yn Europa.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 2, 6.2 Het gezag onder vuur;
Indigo Havo/VWO: deel 3, 5.5 Misdaad en straf.

musea (der op út)

Tresoar - Ljouwert; Rjochtbank - Ljouwert.

literatuer

Kneppelfreed (Boomsma, 1998); Fedde Schurer (Liemburg, 2010); De besleine spegel (Schurer, 1998).

websites