Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 8

It Aldfryske rjocht

Fan Lex Frisionum oant Alde Druk 800-1504

"Ien fan de meast opfallende saken fan it âlde Fryslân wie it bestean fan in eigen rjochtspraak. Yn de Midsieuwen hienen de Friezen gjin sterke steatsfoarm of ûnderlinge bining, mar wol in eigen stamrjocht. Alle ynwenners fan it Fryske gebiet moasten har hjir oan hâlde, en der wienen ek echte rjochters en feroardielings. It Fryske stamrjocht is al yn 800 op skrift set. Dizze tekst is it âldst bewarre bleaune dokumint út de Fryske en Nederlânske skiednis. Oan it âldfryske rjocht kaam yn Fryslân in ein yn it jier 1504."

Stamrjocht
Lykas elke Germaanske stam hiene de Friezen in eigen stamrjocht. Dat sil net folle ôfwykt ha fan dat fan oare Germaanske stammen. Nei likernôch 1100 krijt it rjocht fan de Friezen lykwols hieltiten mear eigen trekken. Dan begjint him ek in soarte fan Fryske rjochtsideology te ûntwikkeljen, dy’t ynhâldt dat it eigen rjocht sjoen wurde moat as in godsgeskink, like kostber as it kristlik leauwe. Godsgeskink of net, yn 1504 wurdt it Aldfryske rjocht, alteast yn Westerlauwersk Fryslân, yn ien kear ôfskaft.

Lex Frisionum
Yn opdracht fan de Frankyske kening is om 800 hinne in skriftlike ynvintarisaasje opmakke, yn it Latyn, fan it Fryske stamrjocht út dy tiid. Dy tekst, bekend as de Lex Frisionum, is it âldste bewarre bleaune rjochtsdokumint út de Fryske skiednis. It is yn haadsaak in opsomming fan skeafergoedingen foar it tabringen fan ferwûningen. De tekst hat in dúdlik kristlike ynslach, al kinne der ek heidenske eleminten yn oanwiisd wurde: de tastiene bernemoard en in sakrale foarm fan deastraf foar de timpelskeiner. It jildingsgebiet is yn trijen opdield: fan Sinkfal (by Cadzand yn Flaanderen) oant Fly, fan Fly oant Lauwers en fan Lauwers oant Wezer.

De trettjin asega’s
De ferhearliking fan it Fryske rjocht, dat dan lânrjocht neamd wurdt, is in saak fan benammen de fjirtjinde en de fyftjinde ieu, dat wol sizze de tiid fan de Fryske frijheid. Dan komt ek de claim op dat de Friezen har lânrjocht krige ha soene fan God, fia Kristus en Karel de Grutte. Dat wurdt ta útdrukking brocht yn de sêge fan de trettjin asega’s: tolve ‘foarsprekkers’ fan de Friezen, dy’t troch de trettjinde (Kristus) yn it rjocht ûnderwiisd wurde. Twa dingen falle op. Yn it foarste plak it feit dat in part fan it Aldfryske rjocht, yn it bysûnder twa teksten, de Santjin Kêsten en de Fjouwerentweintich Lânrjochten, jildt foar hiel it Fryske gebiet, dat dan noch rint fan Fly oant Wezer, ek al is dat polityk gjin ienheid. Twads dat it lânrjocht datearret út de tiid fan fóár de Fryske frijheid. Yn ferskate âldere rjochtsteksten komme wy de foar it ‘klassike’ Aldfryske prosesrjocht sa typearjende asega tsjin, dy’t as kenner fan it folksrjocht op oanwizing fan de rjochter by elke stap yn in proseduere in oardiel útsprekt. Yn de tiid fan de Fryske frijheid binne der al gjin asega’s mear.

Alde Druk
Yn de lêste jierren fan de Fryske frijheid is in boek drukt dêr’t de ‘kanon’ fan it Aldfryske lânrjocht, besteande út tweintich teksten, yn opnommen is. Dizze saneamde Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht is om 1485 hinne printe yn opdracht fan in ûnbekende priveepersoan of oerheidsynstânsje. It is net allinnich it earste Frysktalige boek dat yn druk ferskynd is, mar yn West-Europa ek ien fan de earste lânrjochten dy’t yn printe foarm útkamen. Allinnich dêrom al is it in monumint, net allinnich fan it Aldfryske rjocht, mar ek fan de Fryske taal. Njonken inkelde algemien-Fryske binne der allinnich Westerlauwerske teksten yn opnommen, mei as wichtichste it Aldere en it Jongere Skeltarjocht. Ek it ferhaal fan de trettjin asega’s is der yn te finen.

Romeinsk rjocht
It ôfskaffen fan it Aldfryske rjocht, dat trouwens hiel wat mear omfieme as de tweintich teksten yn de Alde Druk, is in gefolch fan de ûndergong fan de Fryske frijheid. Yn 1504 stie Westerlauwersk Fryslân sûnt seis jier ûnder it bewâld fan de hartoch fan Saksen. Doe’t dy de kar joech tusken it Saksyske en it Romeinske rjocht, waard keazen foar it Romeinske. Opfallend is dat de Ommelanners en de East-Friezen noch wol ieuwenlang oan it Aldfryske rjocht fêsthâlden ha.

Oudste Fries

Op enkele snippers perkament zijn Friese aantekeningen van bijna 900 jaar oud gevonden. Zulk oud geschreven Fries hebben taalkundigen nog nooit eerder gezien.
Omrop Fryslân en Leeuwarder Courant.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Hoe klinkt Oudfries?

Download de app Vogala en luister naar Oudfriese en Middelnederlandse teksten.

Aanvullend materiaal over venster 8

fertakkings

Basis Underwiis:
Wat stiet der yn de Lex Frisionum? Relaasje fergryp – straf; Betsjutting, Druk.

Fuortset Underwiis:
Ynhâld Lex Frisionum yn relaasje ta de earste midsieuske wetten, û.o. yn de stêden (ferskillende wetten yn ferskillende stêden).

lesmetoades

Basis Underwiis:
De Brandaan: groep 7, Tijd van monniken en ridders;
De Trek: groep 5, Leven in de middeleeuwen.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 1, 5.4 Koningen op zoek naar macht;
Sprekend Verleden Havo/VWO: deel 1, 6.5;
Memo Havo/VWO: deel 1, 5.4 Bestuur en rechtspraak;
Sfinx Havo: deel 1, 5.7 Schuld en straf.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
BU: Haadstik 8 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
FU: Behannelje haadstik 8 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

musea (der op út)

Tresoar - Ljouwert;
Rechtbank - Ljouwert.

fideo's

literatuer

De taal van recht en vrijheid (Vries, 2012)
Lichaam, eer en recht in Middeleeuws Friesland (Nijdam, 2008)
Asega, is het dingtijd? De hoogtepunten van de Oudfriese tekstoverlevering (Vries, 2007).
Oudfries recht 800-1256 (Algra, 2000);
Lex Frisionum sive antiquae Frisiorum leges, a reliquis veterum Germanorum legibus (Siccama, 1617);