Riedsel
It dichterskip fan Gysbert Japix is in riedsel. It is folslein dúdlik dat gjin oare Fryske literator sa’n soad ynfloed op de Fryske literatuer en kultuer hân hat as dizze Boalserter dichter. De reden dêrfoar is ek helder. As iennige skriuwer út de Gouden Ieu liet er in mânsk literêr oeuvre fan grut ferskaat nei dat yn it Frysk skreaun wie. Mar wêrom’t er dat die, dat is it riedsel dat nettsjinsteande fiif mânske proefskriften oer syn wurk noch hieltiten net oplost is.
Yn de midsieuwen hie it Frysk in hiel skoft as skriuwtaal fungearre. Troch de machtswiksels yn de sechstjinde ieu wie de stream oan Frysktalige wetsteksten en oarkonden lykwols opdroege. Tenei wie it Nederlânsk – yn ûnderskate farianten – de hearskjende taal. Yn it bestjoer, de tsjerke en op skoalle waard it as fiertaal brûkt. Pas nei 1800 soe troch it krewearjen fan de Fryske beweging it Frysk as skriuwtaal wer opkomme.
Johan van Hichtum
Gysbert Japix (1603-1666) wie de soan fan in Boalserter skrynwurker en belestingkollekteur. Hy folge de Latynske skoalle en waard ûnderwizer, earst yn Wytmarsum (1625) en letter yn Boalsert (1637). Mooglik ynspirearre troch in suksesfolle klucht yn it Frysk fan predikant Johan van Hichtum skeakele er as dichter oer fan it Nederlânsk op it Frysk. Yn 1640 ferskynde syn earsteling Friesche Tjerne (1640), in bliere klucht oer in boer dy’t de pacht opbringe sil op in dei dat syn lânhearre krekt syn brulloftsfeest fiert.
Friesche Rymlerye
Yn de jierren dêrnei gie er troch mei skriuwen fan poëzij en proaza yn it Frysk, leafdespoëzij (dy’t faak songen wurde kin op doedestiids bekende wizen), gedichten by gelegenheid fan polityk barren en ek in soad psalmberimings. Somtiden skreau er yn it Nederlânsk, folle mear yn it Frysk. Dat in dichter as him – dy’t Latyn koe en dy’t thús wie yn de klassiken en yn de eigentiidske kristlike literatuer – it Frysk brûkte foar serieuze literêre sjenres, wie tige bysûnder. Hy hold dan wol ta yn rûnten fan letterkundige freonen dy’t yn harren geskriften út en troch Frysk-patriottyske gefoelens uteren, mar gjin fan harren skreau yn it Frysk. Mei troch harren ynfloed ûntwikkele Gysbert Japix him ta in leard dichter. Syn poëzij koe it troch nivo en neffens sjenrebehearsking tsjin harren Nederlânske en Neolatynske dichtwurk meunsterje. Gysbert Japix sammele syn wurk yn in boek dat er de Friesche Rymlerye neamde; it soe pas postúm yn 1668 útjûn wurde.
Ynternasjonale belangstelling
Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes. Gysbert hie by syn libben in namme as kenner fan it Frysk. It wie dan ek gjin wûnder dat er besite krige fan Franciscus Junius (1591-1677), in taalgelearde dy’t as gûverneur (learaar) yn Ingelske tsjinst wie. Dizze figuer wurke oan in trijetalich wurdboek dêr’t er Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk mei-inoar yn ferlykje woe. Hy hold yn de jierren 1646 oant 1648 nei alle gedachten mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him yn it Frysk ûnderwiisde. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de Bodleian Library te Oxford telâne. Sa generearre Gysbert Japix ynternasjonale belangstelling foar it Frysk.
Simon Abbes Gabbema
Net allinne by syn libben, mar benammen ek dêrnei bliek Gysbert syn freonskip mei de Fryske skiedskriuwer Simon Abbes Gabbema (1628-1688) fan belang te wêzen. Gysbert Japix stoar yn 1666 oan de pest, sawat tagelyk mei syn frou Sijcke Salves en syn soan Salves. Yn 1681, fyftjin jier nei syn weireitsjen, fersoarge syn freon Gabbema in twadde, fermeardere printinge fan de Friesche Rymlerye. Hy foarseach it boek fan learde foarredes, dêr’t er – as skiedskriuwer – it belang en de gruttens fan Fryslân yn beklamme.Gysbert Japix koe sa yn de njoggentjinde en tweintichste ieu útgroeie ta in boechbyld fan Fryske kultuer. Hy wie de ienfâldige skoalmaster dy’t syn klassiken koe, mar der likegoed foar keas om yn de folkstaal te dichtsjen. Sljocht en rjocht, krekt sa’t syn selskeazen biedwurd seit.