Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 40

Gerrit Benner

In Ljouwerter skilder en syn Fryske lânskip 1897-1981

"It Fryske lânskip hat te sjen west yn Sint Petersburg, yn Barcelona, yn Brazilië en Japan. Mei tank oan Gerrit Benner, de bekendste Fryske lânskipsskilder fan de 20e ieu. Gerrit Benner is mei syn skilderijen bekend wurden yn binnen- en bûtenlân en hat in soad belangrike prizen wûn. De wrâld dy’t Benner skildere wie in dreamerige sprookjeswrâld, mei kij, hynders, lân, wetter en wolken. Hy skildere mei heldere kleuren mar liet in soad oan de ferbylding oer. Karel Appel, de wrâldferneamde skilder út Amsterdam, neamde him ‘een rasschilder met een noordse fabelachtige kant in zijn werk'."

Ynternasjonale alluere
Faaks wol mear as mei syn taal wurdt Fryslân hjoed de dei mei syn lânskip assosjearre. Nei de Twadde Wrâldoarloch begûnen skilders op in gauris eigen, ekspresjonistyske wize it Fryske lânskip út te byldzjen. De wichtichste fan harren wie Gerrit Benner (1897-1981). Dy autodidakt, yn Ljouwert berne en oplaat as hússkilder, ûntjoech him ta in keunstskilder fan ynternasjonale alluere. Syn skilderijen wurde bewûndere fan Sint Petersburch oant Barcelona en fan São Paulo oant Osaka en hy krige in soad prestizjeuze prizen. Yn Ljouwert naam er – mei fallen en opstean – syn artistike oanrin, as frij keunstner sette er him yn ’e midden fan de fyftiger jierren yn Amsterdam nei wenjen.

Karel Appel en Corneille
Noch foar de oarloch brocht Benner yn it selskip fan syn kollega-skilders, heit en soan Andries en Bouke van der Sloot, mooglik in besite oan in útstalling fan de Flaamske ekspresjonist Constant Permeke. Yn it Liwwadders, dat him sa dierber wie, hold er syn beide stedsgenoaten foar: ‘Kiek, wat die man ken, dat mut ik oek kenne.’ Koart nei de oarloch – yn 1946 yn Grins, by in samler thús, krige Benner syn earste ienmansútstalling. Underwilens hie er de persoan en it wurk fan de Grinzer grafikus Hendrik Nicolaas Werkman yntinsyf bestudearre. Typearjend is de folgjende anekdoate: Werkman syn dochter stjoerde yn datselde jier 1946 twa jonge keunstners fan Grins nei Benner yn Ljouwert. De skilder en syn frou kuieren tafallich krekt troch Ljouwert, doe’t hja it duo mei har opfallende artistike klean yn it each krigen. Hookstrooks skrepten hja nei hûs, om’t, sa hie Gerrit yn de rekken, ‘dy figueren foar my komme’. It blieken Karel Appel en Corneille te wêzen. Letter wurke Benner yn it eardere Amsterdamske atelier fan Appel, dy’t him typearre as ‘een rasschilder met een noordse fabelachtige kant in zijn werk’.

Dreamerige mearkewrâld
It bytsje wurk fan Benner dat fan foar de oarloch bewarre bleaun is, karakterisearret him troch in realistyske styl yn in frijwat somber palet. Nei de oarloch ûntwikkele er in lyrysk ekspresjonisme dat him ûnderskiede troch heldere ekspressive kleuren. Fieden troch emoasjes en langstmen dy’t oan de natuer ferbûn binne, kreëarre Benner doe yn syn keunst in dreamerige mearkewrâld. Troch syn ferfarren nei Amsterdam kaam er yn yntinsyf kontakt mei de sfear en it wurk fan de Cobra-skilders. It stimulearre him ta frijere ekspresje en ta doeken dy’t tsjokker yn de ferve set wiene. De bân mei de natuer en mei it Fryske lânskip koe en woe er net sjitte litte. Allegeduerigen brûkte er eleminten út dat lânskip – kij, hynders, lân, wolken, wetter – om in wûndere wrâld te skeppen. Dy doeken binne meast grien, blau en griis fan kleur, mei út en troch in read of giel aksint. In folslein non-figuratyf keunstner is Benner nea wurden. Ut Benner syn wurk sprekt foar in protte lju deselde treast dy’t ek de lânskipskeunst fan syn ier-tweintichste-ieuske Fryske foargonger Jan Mankes sa karakterisearre.

Lânskippen
Om 1970 hinne reizge Benner geregeldwei wer nei Fryslân. Yn de perioade dêrfoar wie er in kant yn gien dêr’t er yn besocht om op in noch soberder en mear ferinerlike wize én mei noch minder materiaal (ferve en eleminten), krekt safolle mooglik ekspresje yn syn lânskippen oan te bringen. Neigeraden hy faker yn it bûtenhûs fan syn âldste soan yn Gaasterlân útfanhûze, kaam er mear werom fan de lyryk, fan de hynderkes en fûgels út syn eardere wurk. Sels ferklearre Benner ris: ‘Ut en troch beneart de wrâld my en dan kom ik altiten werom by de natuer, de boarne fan alle dingen’.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 40

fertakkings

Primêr Underwiis:
It Fryske lânskip en skilderkeunst; Betekenis fan Keunst; Jopie Huisman.

Fuortset Underwiis:
Cobra-skilders; Ekspresjonisme; Realisme; Frysk lânskip; Sjoerd de Vries; Jentsje Popma; Bende fan de Blauwe Hân.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 8, Tijd van de wereldoorlogen.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 40 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 3.

musea (der op út)

Museum Belvédère - Oranjewâld;
Fries Museum - Ljouwert;
Museum Drachten - Drachten;
Jopie Huisman Museum - Warkum.

fideo's

literatuer

Gerrit Benner. Monografie (Sijens et al., 2014)
14 Skilders út de Belvédère (De Jong, 2008)
In de ban van Benner (Brons, 1989);
Beeldende kunstenaars in Friesland (Cats, 1992);
Kunstgids (Hoekstra et al., 1998);
Schilder van Friesland (Karstkarel et al., 1997);
De kleur van Friesland (Mous, 2008).