Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 15

De universiteit yn Frjentsjer

Transformatorhúske fan leardens 1585-1843

"Yn Frjentsjer hat ieuwenlang in universiteit stien; oprjochte troch it gewest Fryslân sels. Nei Leiden wie dit de twadde universiteit yn de Republyk. Yn de 17e en 18e ieu wie it ien fan de belangrykste ynstellingen fan Fryslân. De universiteit wie in ynternationaal sintrum fan wittenskip, mar wie ek foar de rest fan de provinsje fan belang. Troch de universiteit koenen kennis en ynsichten fan wittenskippers trochjûn wurde oan de minsken. De Frjentsjerter universiteit hat foaral yn de 17e ieu in bloeitiid trochmakke. Dêrnei gie it stadichoan minder mei it ynstitút. Yn 1811 waard de universiteit sletten. Noch in skoftke mochten se yn Frjentsjer trochgean as as universitaire foaroplieding, mar yn 1843 gie de doar defintyf op slot."

Sintrum fan wittenskip
De universiteit fan Fryslân yn Frjentsjer wie ien fan de wichtichste ynstellings yn it Fryslân fan de santjinde en achttjinde ieu. Net allinne makke hja it lytse stedsje Frjentsjer ta in ynternasjonaal sintrum fan wittenskip, mar hja wie boppedat fan belang foar it kultureel en maatskiplik klimaat yn hiele Fryslân – in soarte fan transformatorhúske, dêr’t de ynsjoggen en mienings fan binnen- en bûtenlânske witenskippers yn opheind en wer trochjûn waarden.

Kleastergoed
De universiteit waard yn 1585 oprjochte, koart nei’t Fryslân de Spaanske lânshear ôfsward hie. It wie nei Leien de twadde universiteit yn de Republyk. Ien fan de grutste feroarings yn de Republyk en dus ek yn Fryslân wie dat de katolike godstsjinst ynruile waard foar it protestantisme, en dan benammen de kalvinistyske fariant. Dat hie fan gefolgen dat de universiteit no betelle wurde koe út de opbringst fan de yn beslach nommen lannen dy’t de mannichte oan roomske kleasters yn Fryslân yn besit hân hiene – it saneamde ‘kleastergoed’. Dat hja fan dat jild no krekt in universiteit ûnderhâlde woene, kaam mei troch it hommels wikseljen fan godstsjinst. Der ûntstie ynienen driuwend ferlet fan goed oplate predikanten. Dêrom waard de teology beskôge as de wichtichste fan de wittenskippen dy’t yn Frjentsjer ûnderwiisd waarden.

13 Latynske skoallen en 1 universiteit
Universiteiten yn dy tiid stelden neffens tal net in soad foar yn ferlykjen mei hjoed de dei. Yn de 226 jier fan har bestean dosearren yn Frjentsjer net mear as 177 heechleararen, en it folsleine tal studinten – froulju studearren yn dy tiid net – wie minder as 15.000. Dat is troch de bank sa’n 65 studinten it jier. Yn Fryslân wiene hûnderten, gauris lytse doarpsskoallen en de measte lju koene dan ek wol lêze en skriuwe. De trettjin Latynske skoallen yn Fryslân en dy iene universiteit wiene lykwols foar mar in pear weilein, earder ek foar lju fan kwizekwânsje as foar jonges mei talint.

Latyn
Nettsjinsteande dy lytse tallen wie de universiteit fan grut belang: de heechleararen spilen in rol yn it advisearjen fan it provinsjaal bestjoer, hja lokken troch harren boeken en pamfletten somtiden fûle maatskiplike en religieuze diskusje út en hja soargen derfoar dat wittenskiplike ideeën út it bûtenlân wei ek yn Fryslân trochkringe koene. Frijwat fan de oanwêzige heechleararen en studinten kamen út it bûtenlân en dan benammen út it Dútske Ryk en út Hongarije, dat lykas de Republyk protestantsk wurden wie. Al dy ferskate nasjonaliteiten koene mei-inoar kommunisearje, om’t wittenskippers en studinten (oant sawat 1850) rûnom yn Europa it Latyn brûkten. Ek studinten út Fryslân wei giene foar harren stúdzje of dêrnei somtiden op in rûnreis by bûtenlânske universiteiten del.

Keninkryk fan de Nederlannen
Yn de achttjinde ieu rekke de universiteit yn de nederklits, nettsjinsteande in beskate bloei yn de empiryske wittenskippen. De studintetallen belunen en it bestjoer hie muoite om de finansiering rûn te krijen. Under it bewâld fan Napoleon, yn 1811, waard de universiteit sletten. Fan 1815 oant 1843 bestie hja noch as ‘atheneum’ – in universiteit dêr’t allinne noch in foaroplieding folge, mar net ôfstudearre wurde koe. Doe wie Fryslân, dat oant 1795 in selsstannich gewest mei in eigen regearing west hie, part fan it Keninkryk fan de Nederlannen wurden. En yn dat ferbân waard it wat langer wat mear in yn lânbou spesjalisearre plattelânsprovinsje oan de igge fan Nederlân. De universiteit docht sa tinken oan in tiid dêr’t de ekonomyske, sosjale en kulturele dynamyk mear lykop yn rûnen as yn it Fryslân fan nei 1815.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 15

fertakkings

Primêr Underwiis:
Wat is wittenskip? De ksyloteek; Lânmjitkunde yn de santjinde ieu.

Fuortset Underwiis:
De Tachtichjierrige Oarloch en it belang fan wittenskip; Needsaak kalvinistyske opliedings; Studintestêd doe en no (bûtenlânske studinten).

lesmetoades

Primair Underwiis:
De Brandaan: groep 8, Tijd van regenten en vorsten;
De Trek: groep 8, De Republiek.

musea (der op út)

Fryske Akademy - Ljouwert;
HCL - Ljouwert;
Museum Martena - Frjentsjer;
Tresoar - Ljouwert.

literatuer

De Academiebibliotheek te Franeker anno 1601 (Sluis, 2011)
Frieslands Hoogeschool en het Rijks Athenaeum te Franeker (Boeles, 1889);
Bibliografie van hoogleraren in de rechten aan de Franeker universiteit tot 1811 (Feenstra, 2003);
Universiteit te Franeker (Jensma et al., 1985);
De Franeker universiteitsbibliotheek in de zeventiende eeuw (Hermans et al., 2007);
Libben en wurk fan Aegidius Radaeus (Sybrandy, 2005);
Armamentarium totius sapietiae (Wierda, 2005);
Fryslâns universiteit (Zondag, 1985).