Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 35

De Alvestêdetocht

Karnaval op it iis 1909-1997

"Jo hawwe helden, stjerren en idoalen – en jo hawwe alvestêdewinners. Dat lêste is wierskynlik de heechst helbere status yn Fryslân. Yn hûndert jier tiid hat de Alvestêdetocht him ûntwikkele fan ‘gewoan’ in lange reedriderstocht ta it meast massale, bekende, sels mytyske evenemint yn de provinsje. Oer in Alvestêdetocht wurdt jierrenlang neipraat, en alle dielnimmers kinne rekkenje op grutte sympaty en bewûndering. De populariteit fan it reedriden hat fansels te krijen mei de moaie winterske lânskippen dy’t dêr by hearre. Mar ek de sosjale betsjutting fan it reedriden is grut: op it iis is elkenien gelyk en ferfalle de ferskillen tusken earm en ryk, tusken links en rjochts. Boppedat leit it iis der yn de winter, en dat is krekt de tiid fan it jier dat minsken binnen sitte en elkoar net folle treffe. Dus as der iis komt is it feest yn Fryslân, karnaval yn it noarden."

Sportyf en sosjaal
Bûtenlânske waarnimmers falt it al ieuwen op: troch de komst fan foarst en iis reitsje Nederlanners alhiel oerémis. Ek it grutte tal wintergesichten fan santjinde-ieuske master-skilders lit sjen hoe’t de reedrydmany taslaan kin en hoe’t jong en âld, heech en leech, man en frou har fermeitsje op beferzen wetter. Reedride hat in sportive, mar ek in sosjale betsjutting: de iiswille bringt lju byinoar en skept ferbûnens. Op de redens wurde ôfstannen tusken mienskippen flugger oerbrêge, mar ûntstiet der tagelyk kompetysje: wa rydt it hurdst of it moaist? Yn de iermoderne tiid wie iiswille dan ek drinke en dûnsje, gedrach dat geregeldwei oer de grinzen fan foechsumens gie, mei braspartijen en amoereuze bûtensprongen fan gefolgen. Karnaval op it iis.

Hurdriden en barre winters
Heroysk wiene ek earder al de fiere tochten op redens oer de wetters dy’t mar komselden tafrearen, lykas de Sudersee. Al yn 1763 is yn de Historische Beschryvinghe van Friesland te lêzen dat it mear as ienris foarkaam wie dat betûfte riders op ien dei by alle alve Fryske stêden del riden hiene; in earste fermelding fan in tocht by de alve stêden lâns stamt út 1749. Dêrnjonken wurde yn de Fryske folksferhalen aventoeren fan legindaryske hurdriders út de achttjinde en njoggentjinde ieu opfierd. Yn har oerdriuwen tsjutte dy ferhalen op de fassinaasje foar hurdriden en barre winters. De Alvestêdetocht stiet yn dy tradysje. Troch in al mar gruttere oandacht fan de media, benammen sûnt de barre tocht fan 1963, en de groeiende omfang fan it spektakel wurde de tochten ta beakens yn it kollektyf oantinken oan strange winters.

Wedstriid en toertocht
Yn 1909 waard op inisjatyf fan Pim Mulier, de yn Wytmarsum berne propagandist fan it sportbeoefenjen, de earste Alvestêdetocht riden. De tocht waard doe noch organisearre troch De Friesche IJsbond. Fan de yn totaal 23 dielnimmers dy’t yn jannewaris 1909 út Ljouwert wei ôfsetten, kamen mar njoggen oan. Fjirtjin dagen letter rjochte de jonge Ljouwerter advokaat Mindert Evert Hepkema, soan fan in útjouwer fan kranten, yn de mande mei freonen de Vereniging ‘De Friesche Elf Steden’ op. Ut lilkens! Hy hie him te let opjûn en mocht fan de organisatoaren net mear oan de tocht meidwaan. Boppedat fûn Hepkema it nuver dat de Alvestêdetocht net troch it Iisbûn as in echte wedstriid presintearre wie. Fan de earste Alvestêdetocht ôf, dy’t syn feriening yn 1912 organisearje soe, soe dy bestean út in wedstriid én in toertocht.

Winners
De winner fan de Alvestêdetocht yn 1909 wie de teologystudint Minne Hoekstra fan Wergea. Hy die hast fjirtjin oeren oer de tocht. De winner fan de lêste ôflevering, yn jannewaris 1997, de Súd-Hollânske sprútsjekweker Henk Angenent, hie der sawat de helte minder tiid foar nedich. Njoggen miljoen minsken folgen him op de televyzje, nochris in kwart miljoen stiene oan de kant.

Nasjonaal Frysk-Nederlânsk spektakel
De Alvestêdetocht is útgroeid ta in nasjonaal, Frysk-Nederlânsk spektakel dat massaal belibbe wurdt, en dat falt net allinne te ferklearjen troch it brede omtinken fan de media, mar ek troch it ritualisearre karakter fan it evenemint. Wa’t de tocht binnen de fêststelde limyt útrydt, krijt it begearde Alvestêdekrúske en wa’t by dy pylgerreis oer it iis Bartlehiem hellet, wit dat mei it tichterbykommen fan de einstreek de ferlossing kommendeweis is. By de lêste Alvestêdetochten geane boppedat prosessen fan folklorisearring en kommersjalisearring mei-inoar mank. De tocht is ûnderwilens byldmerk foar Fryslân wurden. Op de heroyk fan de Alvestêdetocht lit him ommers hiel goed in dielde skiednis projektearje, op lokaal likegoed as op regionaal en nasjonaal nivo.

Clipje Elfstedentocht

Het programma Clipphanger van Schooltv heeft een leuk clipje gemaakt over het ontstaan van de Elfstedentocht. Bekijk het hier!

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

iBook Elfstedentocht

Een leuk, leerzaam en interactief iBook over de Elfstedentocht met filmpjes, foto's, spelletjes en opdrachten en leuke weetjes!

Bekijk het hier in de iStore!
 

Aanvullend materiaal over venster 35

fertakkings

Primêr Underwiis:
Fryske sporten; Topografy fan Fryslân.

Fuortset Underwiis:
Kommersje/massamedia; Nasjonaal evenemint; IIsherbergen en IIswille.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: Deel 2, 6.3 Invloed van de televisie.

musea (der op út)

literatuer

De Droom. Lieske, Fien en Noor schaatsen de Elfstedentocht. (Bock, 2012)
Het elfstedentochtboek voor de jeugd (Zijlstra-De Roos, 2012).
De aventoeren fan Hotze Klots: De opdracht fan Thialf (Cornelissen, 2008);
Het Schaatsboek (Van Zuijlen, 2011)
De hel van '63 (Van den Heuvel, 2009)
De mannen van '63. (Koolhaas en Van de Vooren, 2009)
Mijn Elfstedentocht (Friese Pers, 2008)
De historische elfstedentocht (Hoekstra, 2009);
Een eeuw elfstedentocht (Couwenhoven, 2009);
Geschiedenis van de Elfstedentocht 1909-1997 (De Groot et al., 1997);
Elfstedentocht 1997 (Kluwer, 1998);
De tocht der tochten (Lolkama, 2006);
Elfstedentocht (Schoustra,1967);
Pim Mulier (Zandbergen, 1996);