Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 17

Anna Maria van Schurman

Leard en leauwend 1607-1678

"Anna Maria van Schurman wie de earste frou dy’t lessen folgje mocht oan in Nederlânske universiteit. Sa waard sy al by har libben wrâldferneamd en in bekende gast yn de kringen fan de grutste gelearden en de beste ynternasjonale filosofen. Sy wenne in skoftlang yn Fryslân, yn Frjentsjer en yn Wiuwert. Anna Maria wie in from frommis (fromme frou), sá from dat se har op lettere leeftyd oanslute by in kristlike sekte yn Wiuwert. Mei de sûndige wrâld woe se doe neat mear te krijen ha. Se stoar yn Wiuwert en waard dêr ek begroeven."

Froulike gelearde
Fan de goed santich jier fan har libben hat Anna Maria van Schurman mar seis yn Fryslân tahâlden. Likegoed wurdt – troch har oanwêzigens yn Frjentsjer en mei’t hja yn Fryslân stoar – de namme fan dizze learde frou en keunstneres gauris mei Fryslân ferbûn. As froulik gelearde wie Anna Maria foar har tiid útsûnderlik. Hja wie dan ek wrâldferneamd. Hiel wat represintativer foar har dagen wie hja lykwols troch har strang religieuze ynslach. Lang om let keas hja der, om redenen dy’t mei it leauwe te krijen hiene, foar om har út de wrâld werom te lûken en har oan te sluten by in sekte yn Fryslân.

Wûnderbern
Dat yntins rjochtsjen op it leauwe wie ek eigen oan it gesin dêr’t Anna Maria út kaam. De Schurmannen wiene begoedige aadlike Antwerpske flechtlings, dy’t nei de fal fan Antwerpen yn 1585 úteinlik yn Utert bedarren. Dêrnei, yn 1623, ferfear Anna Maria har heit mei syn húshâlding nei Frjentsjer om dêr kolleezjes te folgjen fan de puriteinske Ingelske professor William Ames. Nei syn dea gie de widdo mei har bern yn 1626 werom nei Utert.Yn Utert makke Anna Maria har in namme. Hja wie in wûnderbern dat al yn har jonge jierren profitearje koe fan it ûnderwiis oan hûs, dat benammen foar har bruorren ornearre wie. Sa learde hja Gryksk en Latyn en sels Hebrieusk, Galdeesk, Syrysk, Etiopysk en Arabysk. Ek ûntjoech hja har ta in kundich (portret)keunstneres.

Gerdyntsje
Anna Maria kaam yn de kunde mei gelearden en skriuwers út hiele Europa wei. Hja priizgen yn alle talen har erudysje en keunstsinnigens. Yn 1638 skreau hja in boek oer de gaadlikens fan de frou foar de wittenskip. It is tekenjend dat hja wittenskiplike kennis seach as is ynstrumint om de bibel mei te bestudearjen.As iennige frou yn Nederlân krige hja tastimming om – fan efter in gerdyntsje wei! – de kolleezjes fan Gisbertus Voetius mei te meitsjen. Mei dy ortodokse teolooch, buorman en freon, mar ek mei in soad oare gelearden, skriuwers en hegerein fan ferskate Europeeske hôven – manlju likegoed as froulju – diskusjearre Anna Maria van Schurman oer wittenskip en filosofy, oer de útlis fan de bibel, oer it wiere leauwe, en oer de situaasje fan de tsjerke.

Libben wije oan God
Voetius en in protte fan de lju om him hinne wiene oanhingers en gongmakkers fan de Neiere Reformaasje, in beweging dy’t fan de ein fan de sechstjinde ieu ôf rûnom yn Europa oprôp ta gruttere frommens en ta in nauwere bân tusken libben en leare. Ek by Anna Maria van Schurman bestie dat ferlet fan suverjen. Troch har broer Johan Godschalk kaam hja yn de kunde mei Jean de Labadie, in Geneefsk predikant fan deselde rjochting. Hja rekke sa yn de besnijing fan dy syn ideeën oer it suverjen fan it leauwe en it mijen fan de wrâld dat hja har by him oansleat, doe’t De Labadie yn 1669 út de tsjerke stapte. Hja swarde alle geleardens, alle kontakten en al it ierdsk besit ôf om har te wijen oan in libben foar God.

Stjerre yn Wiuwert
Nei in swalkerstocht troch Dútslân fêstigen de labadisten har yn 1675 yn Wiuwert. Hja belutsen de Waltastins fan de frellen Van Aerssen van Sommelsdijk en rjochten dêromhinne ûnderkommens yn foar de al mar oanwinnende leauwensmienskip. Der wiene mear wittenskippers en keunstners lid fan – wat neamd waard – it ‘húsgesin’, lykas de ferneamde dokter Hendrik van Deventer en de skilderes Maria Sibylla Merian. De leden fan de sekte foarseagen yn har deistich ferlet troch it bewurkjen fan it lân, it bakken fan bôle en it spinnen fan wol. Harren komst nei Wiuwert joech frijwat opskuor. De Fryske synoade besocht om harren út Fryslân weigean te litten. Underwilens krigen hja in soad belangstelling. Lju út binnen- en bûtenlân, somtiden ek ferneamde lju lykas de Ingelske filosoof John Locke, kamen nei Wiuwert ta om de preken by te wenjen. It tal leden woeks oant sawat fjouwerhûndert.Anna Maria van Schurman is yn Wiuwert weirekke, in pear jier ear’t de sekte útinoar spatte soe. Hja wie en is in toanbyld fan hoe’t wittenskip, leauwe en froulikens yn it ferline yn in folslein oare ferhâlding ta inoar stiene as hjoed de dei.

Slimmer dan iedereen

Een nieuw jeugdboek over Anna Maria van Schurman, geschreven door Susanne Honders.

Meer info hier.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Aletta Jacobs

Dit finster slút oan by "Aletta Jacobs: Vrouwen-emancipatie" fan EnToen.nu

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 17

fertakkings

Primêr Underwiis:
Ferhaal A.M. van Schurman nei Wiuwert;
Talen.

Fuortset Underwiis:
Frouljusemansipaasje;
Ketters en sektes;
Mummie.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 8, Tijd van pruiken en revoluties;
De Trek: groep 6, De gouden eeuw;
De Trek: groep 7, Van jager naar boer.

Fuortset Underwiis:
Memo Havo/VWO: Deel 2, 5.5 Strijdbare vrouwen;
Sporen Havo/VWO: deel 2, 6.C Aletta Jacobs.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartenbak van 11en30.
FU: Behannelje haadstik 17 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 2.

Lesbrief De Mummiekelder

musea (der op út)

Museum Martena - Frjentsjer;
Martinitsjerke (grêf heit fan Schurman) - Frjentsjer;
Mummies - Wiuwert.

literatuer

Slimmer dan iedereen (Honders, 2015)
Paadwizer (Tuma, 2009);
Hoe de mummies verdwenen uit Wieuwerd (Meester, 2005);
De eerste studente (Van Beek, 2004);
Anne Marie de Schurman, femme savante (1607-1678) (Venesoen et al., 2004);
Een stukje Wiuwert in Suriname (Scheffer et al., 1997);
Labadisten op Waltastate (Hamstra, 1994).