Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 1

De ko

De komst fan boeren en kij Om-ende-by 3400 foar Kristus

"De skiednis fan Fryslân begjint eins mei de komst fan… de ko. De earste echte bewenners fan Fryslân wienen nammentlik molkfeehâlders. Earne rûn 11.000 foar Kristus wienen der al minsken yn Fryslân. Mar dat wienen jagers, dy’t in swalkjend bestean lieden. Om 3400 foar Kristus hinne kamen de earste boeren en har kij hjirhinne. Sy settelden har en fierden op grutte skaal lânbou yn. Fan dizze earste bewenners is ierdewurk fûn: bekers dy’t de foarm fan in trechter ha. Dêrom wurdt dizze earste beskaving yn Fryslân ek wol trechterbekerkultuer naam."

Us mem
Oan de Harlinger Singel yn Ljouwert stiet in grut brûnzen byld fan in ko. It is makke yn 1954 en stelt de ideale Fryske stamboekko foar. ‘Us Mem’ hjit it byld yn de folksmûle. Fryslân hat yndie in soad oan de ko te tankjen – mei har molke en bûter en mei it ferneamde Frysk stamboekfee hat de provinsje namme makke. Boppedat is de ko, sawat fan de âldste tiid ôf, ien fan de meast konstante eleminten yn de Fryske skiednis. De ko wie der sels earder as de minsken dy’t harsels foar it earst Friezen neamden.

Geunstige libbensomstandichheden
De mooglikheden foar it ûntstean fan kultuer wurde útmakke troch it lânskip. Argeologysk ûndersyk lit sjen dat krekt yn it noardwesten fan Europa, bylâns de kust fan de Noardsee, it tal kij relatyf heech lei. Dat leit ek yn de reden, om’t hjir de libbensomstannichheden foar it fee geunstich wiene. Om genôch ite te kinnen, hat in ko op it kwelderlân ien hektare grûn nedich, tsjin seis hektare op sângrûn. Dat ferklearret ek it betreklik hege tal bewenners fan it Frysk terpegebiet yn letter tiden. It hat in skoft duorre ear’t it safier kaam. De âldste bewenning yn it notiidske Fryslân datearret fan sawat 11.000 foar Kristus. Troch de iistiid lei de see folle leger as hjoed de dei en it lânskip wie noch in kâlde en keale toendra, dêr’t de lju op rindieren jagen en iten sammelen. Pas oan de ein fan de lêste iistiid (sa. 8000 foar Kristus) feroare it klimaat sa dat der beammen groeie koene. Dêrnei wûn de befolking stadich oan, mar dy soe noch al sawat 5000 jier lang benammen út omreizgjende jagers en samlers bestean.

Trechterbeker-minsken
It boerebedriuw kaam yn it lettere Fryske gebiet – de lju neamden harsels noch gjin Friezen – pas letter op, om 3400 foar Kristus hinne. De earste boeren wennen op it sân, sawat yn de notiidske Wâlden en yn Gaasterlân. Op grûn fan it ierdewurk dat fan harren weromfûn is, wurde hja Trechterbekerminsken neamd. Hja ha spoaren efterlitten yn it gebiet fan Grut-Brittanje oant en mei Bulgarije. Hja binne ek troch harren hunebêden bekend wurden. Fan dy earste boeren is der in (restaurearre) grêfheuvel te sjen by Bakkefean.

Fanút de Wâlden nei de fruchtbere kwelders
It âldste bewiis fan de aktiviteiten fan dy prehistoaryske boeren yn it hjoeddeiske Fryslân is fûn op in sânrêch by Boarnwert by Dokkum. Dêr fûnen argeologen in ikker dy’t datearre fan sawat 3000 foar Kristus. Dy boeren hiene fee en ek wat boulân. Hoeders lieten yn it foarjier en de simmer it fee weidzje op fjilden oan de râne fan it sân of op de klaai. Yn de ieuwen dêrnei wûn de befolking fan de sângrûnen yn de Wâlden oan om yn it lêste millennium foar it begjin fan de jiertelling wer ôf te takjen. De oarsaak wie dat troch in sterke groei fan it fean hieltiten mear boerelân oerwoekere rekke. Op in stuit rekken de Wâlden fierhinne ûntfolke en setten de lju har mei harren fee nei wenjen op de tige fruchtbere kwelders – tsjintwurdich de yndikings op de klaai – dêr’t hja terpen opsmieten om op te wenjen. Dat barde fan sawat 600 foar Kristus ôf.

Alder as de Friezen
De kij út dy tiid seagen der hiel oars út as Us Mem. Hja wiene yn alle gefallen aardich lytser. Yn de rin fan de tiid ha der in soad ferskillende kij yn Fryslân omrûn: grutte, lytse, readbûnte, mûsgrize, swart-wite, fan de blierkop oant en mei de ljochte d’Aquitaine. Mar al tûzenen jierren, en ek doe’t der fan Fryske grûn alhiel noch net praat wurde koe, ha der kij yn it lân stien. Sadwaande is de ko ien fan de meast konstante ferskinings út de Fryske skiednis en dêrtroch net allinne in produsint fan molke, bûter en tsiis, mar ek fan Fryske identiteit.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Hunebedden

Dit finster slút oan by 'De Hunebedden' fan EnToen.nu.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Frysk Lânboumuseum

De Fryske skiednis eins begjint mei de komst fan de ko en oant no ta is de lânbou noch hieltiid fan grut belang foar ús provinsje. Yn it Frysk Lânboumuseum kinst alles fine oer dy libbendige skiednis fan de lânbou.
www.frysklanboumuseum.nl

In klip by De Ko

Der is no ek in klip by it nûmer fan De Ko. Swing en sjong mei mei Janneke Brakels en Anna Marije Bloem!

 

 Besjoch him hjir!

Aanvullend materiaal over venster 1

fertakkings

Primêr Underwiis:
Fjoerstiennen ark: jagers/samlers foar boeren oer;
Greidbuorkerij (de Germaanske lange hut); Stamboekfee.

Fuortset Underwiis:
Geology fan Fryslân: sân en klaai, iistiden, pingo’s;
Trechterbekers; Argeologyske spoaren fan bewenning.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 5, Tijd van jagers en boeren;
De Trek: groep 5, Boeren en dorpen;
De Trek: groep 7, Van jager naar boer.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 1, 1.3 Wonen op één plek;
Indigo Havo/VWO: deel 1, 1.5 Mensen leven samen;
Memo Havo/VWO: deel 1, 1.1 Een nieuwe manier van leven;
Sporen Havo/VWO: deel 1, 1.3 Jagers en Boerinnen;
Sfinx VMBO kgt: deel 1, 1.2 Leven van de natuur en het land;
Sfinx Havo: deel 1, 1.5 Prehistorisch mensen in Nederland.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartenbak van 11en30.
FU: Behannelje haadstik 1 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.
Lesbrief Frysk Lânbou Museum - De Koe (download)
BU: Haadstik 1 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)

musea (der op út)

Frysk Lânbou Museum - Earnewâld;
Fries Museum - Ljouwert;
Grêfheuvel - Bakkefean;
Hunebedcentrum - Borger.
It Hunebêd fan Gaasterlân - Riis;
Iistidenmuseum - Bûtenpost;
It Griene Nêst - Sumar;
Museum Opsterlân - De Gordyk.

fideo's

De Ko, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 1, diel 1, Omrop Fryslân, Tsjek)
De laatste Friese koe (NPO, Andere Tijden)
Hunebedden (Zapp);
Hunebedden (Schooltv);
De eerste boeren (Schooltv).

literatuer

De Blauwe Seilbokse (Santema, 2011);
Boeren yn de Fryske Wâlden (Steehouwer, 2005);
Ogenblik. Uit het leven van de Friese roodbonte koe Janna 32 (Diever, 2012);
De Friese koe (Stegenga, 2008)
Het grote boek van de dieren op de boerderij (Masson-Deblaize e.a, 2004);
Koeien (Renee, C. e.a, 2011);
Boerderij in bedrijf (Menkveld e.a, 2002);
Besmet gebied (Schouten-Verrips, 2001);
Koe.nl (Felius e.a, 2008);
KoeBoek (Hesp, 2009)
Archeologie van Friesland (Bos, 1995);
Nederland in de prehistorie (Louwe Kooijmans et.al., 2005)

websites