Yn sprankeljende taal sketst Willem Schoorstra (1959) it portret fan in man dy't syn lot net ûntrinne kin, in lot dat beskreaun stiet yn de profesij fan in bline sjenner...
Nei Rêdbâd is Pier in twadde histoarysk masterwurk oer in ikoan út de Fryske skiednis. Dêrby wurde de midsieuwen yn al harren dwylsin en hertstocht ta libben roppen op in wize dy't de lêzer net licht ferjitte sil.
Mear witte oer Grutte Pier? Sjoch by finster 10: Grutte Pier. Frijheidsheld of barbaar?