Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Fryske frijheid

Finster yn byld 11 mei 2015 14:18

Yn de lette Midsieuwen hienen keizers en keningen it foar it sizzen. Mei help fan graven en hearen bestjoerden se it lân. Underdanen betellen belesting en moasten foar harren fjochtsje. Op ien folk nei: de Friezen. Dy wiene eigen baas. Gjinien hie wat oer harren te sizzen. De keizer liet de Friezen gewurde.

Yn dat frije Fryslân ûntstienen lytse republykjes, lânsdielen, dy't meielkoar opwurken of inoar befochten op libben en dea, mar krekt hoe't it útkaam. As der in fijân oan de doar rammele - in Hollânske graaf bygelyks -, dan stiene se skouder oan skouder. Want de Fryske frijheid lieten se har net samar ôfnimme. Oant de keizer yn 1498 hjir in bûtenlânske legeroanfierder oanstelde, Albrecht fan Saksen, doe wie it foargoed dien mei de Fryske frijheid.

Sjoch foar mear ynformaasje by Finster 7: De Fryske frijheid.(Frysk) of Venster 7: De Friese Vrijheid (Ned).

It finster is in Frysk oanfolling op: Tijd van steden en staten