Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Maria Louise 2015

Oade oan in sterke frou 3 april 2015 11:20

Yn 1765 komt Maria Louise van Hessen-Kassel te ferstjerren yn it Princessehof yn Ljouwert. No 250 jier letter sprekt har ferhaal noch altyd ta de ferbylding: de jonge widdofrou dy't útgroeit ta de leaveling fan it Fryske folk, de stammem fan ús keningshûs.

Fryslân earet it wurk en libben fan dizze bysûndere frou mei in temajier. Fan histoaryske hurddraverij oant reizgjende fototentoanstelling, fan stedskuier oant muorrekeunst. Neist Nassau-stêd Ljouwert binne Oranjewâld en it Amelân  in jier lang dekôr foar ferskate aktiviteiten.

Mear ynformaasje is te finen op: www.marialouise2015.nl

Foar mear ynformaasje oer Maria Louise (Marijke Meu) kinst ek sjen by finster 19 fan de Kanon: Maria Louise van Hessen-Kassel. De Nassaus yn Fryslân 1688-1765.

Maria Louise 2015

Alle ynformaasje en in oersjoch fan aktiviteiten oer en yn it Maria Louise Jier is hjir te finen. www.marialouise2015.nl

 

 

 

Lesbrief Marijke Meu

Bij de voorstelling Marijke Meu hoort ook een lesbrief en die is hier te downloaden!

Download lesbrief.

Spegelspreuk

De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Princessehof. Audioboek. 12 euro.

Bestel hjir!