Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Lês No yn teken fan Grutte Pier

12 skoallen en 1.895 learlingen dogge mei! 12 januari 2015 16:36

Op woansdei 7 jannewaris 2015 waard it lêsbefoarderingsprojekt Lês No: Krús fan de Hollanner feestlik lansearre op it Anna van Schurman Kolleezje yn Frjentsjer. Mear as 100 havo-learlingen wienen oanwêzich en waarden ferrast troch sterke man Wout Zijlstra. 

 

 

 

Yn it filmke mear ynformaasje oer de game. (YouTube, Leo TV)

Twa earsteklassers út Achlum krigen fan dizze Grutte Pier de earste eksimplaren oerhannige fan it boek Grutte Pier: Krús fan de Hollanner fan skriuwer Ate Grypstra. Wat ek yndruk makke op de learlingen, wienen de bylden fan it kompjûterspul Cross of the Dutchman. Trije levels fan de game wurde folslein yn it Frysk én fergees beskikber steld oan de learlingen.

Skriuwer Ate Grypstra mei op de achtergrûn de game.

Lês No is in gearwurkingsprojekt fan it Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân en de Stichting Lezen om it lêzen yn it Frysk te befoarderjen ûnder jongerein fan tolve jier en âlder. Dit jier is keazen foar Grypstra syn histoaryske novelle, yn kombinaasje mei it troch Triangle Studios ûntwikkele kompjûterspul. Der dogge dit jier 12 skoallen en yn totaal 1.895 learlingen mei oan Lês No.

Omrop Fryslân ynterviewt ien fan de dielnimmers.

Neist boek en game befettet it lespakket fansels it nedige ferwurkingsmateriaal, dat troch de Afûk ek digitaal beskikber makke is yn it learplatfoarm eduFrysk. Op fertoan fan it opdrachteboekje krije learlingen gratis tagong ta it Fries Museum, dêr’t se it swurd fan Grutte Pier yn it echt besjen kinne.

Dit projekt slút oan by finster 10: Grutte Pier. Frijheidsheld of barbaar?

 

 

 

Game oer Grutte Pier

De game oer Grutte Pier is lansearre. De game is beskikber foar Windows, Mac OS X en Linux en is hjir te downloaden!

Filmpje over Grutte Pier

De geschiedenis van Grutte Pier in 9 minuten animatie gecombineerd met video.

Klik hier om het filmpje te bekijken.