Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Finster yn Byld: J.H. Halbertsma

Joast mei it witte! 25 augustus 2014 17:46

As der ien persoan is dy'tst mei rjocht en reden ferkieze kinst ta Mister Fryslân dan is dat wol Joast Hiddes Halbertsma. Hy hat in hiel soad wurk ferset en in hiel soad ynfloed hân om it eigene fan Fryslân moai útkomme te litten. 

 

 

 

 

Hy ferdjippe him yn de skiednis, socht nei âlde ferhalen, die ûndersyk nei oare kultueren en sammele ek nochris alles wat mei de Fryske identiteit te meitsjen hie.Syn hûs wie suver in echt museum. It wurk fan Halbertsma wie in foarbyld foar in hiel soad minsken yn dy tiid. Dy minsken wiene benaud dat yn it nije Nederlân de Fryske kultuer ferlern gean soe en spanden har yn om taal, literatuer, keunst en folkoare yn libben te hâlden. Net foar neat wie de samling fan Halbertsma it begjin fan it Fries Museum.

In hiel soad dingen dy't no noch yn it Fries Museum te sjen binne en hearre by it 'Ferhaal fan Fryslân' binne troch Joast Hiddes Halbertsma byinoar brocht.

Hy wie ek de earste dy't besocht hat om in wittenskiplik Frysk Wurdboek te skriuwen. Hy is úteinlik net fierder kaam as de letter F, mar nei syn dea makken oaren syn wurk ôf en noch wer letter stelde Fryske Akademy it grutte Wurdboek fan de Fryske taal gear.

 

Hert fan Fryslân

In Museum Hert fan Fryslân in Grou komt u alles te weten over de gebroeders Halbertsma, water en Sint Piter. 

Klik hier voor meer info over het museum, openingstijden en entree.

Museum Hindeloopen

Maak kennis met Hindelooper klederdracht, schilderwerk en interieurs. Ook de visserij, scheepvaart en de haven komen aan bod. Voor het basisonderwijs zijn er speciale programma's.

Klik hier voor meer info.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Fries Museum

It Fries Museum giet oer Fryslân en de Friezen. Oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafde ferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typysk Fryske en it plak fan Fryslân yn de wrâld.
www.friesmuseum.nl